
Wer in redaksjegearkomste hân en dêrby de kopij trochnommen sadat der wer in nij foarriedsje op de planken leit om de digi te foljen. Ek dizze kear koe it wer minder, al sis ik it sels.
En al ús lêzers witte no grif dat op 12 maart it saneamde ensafheest plakfine sil yn Poppodium Romein te Ljouwert. Noch mar efkes wat reklame, want dit is de lêste digi foar dat feest. De twa bands New Killer Stars en de Hûnekop fersoargje de muzikale noat. Fierders hawwe wy de dichters: Hidde Boersma, Tsead Bruinja, Sytse Jansma, Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar. ‘Yeah bitch!’ Kom dus allegearre!
Poëzij
De altyd produktive Anne Feddema hat mei Solmar fakânsje Calella wer in typysk Feddema-gedicht ôflevere, as ik dat sa sizze mei.
Jacobus Smink skriuwt it gedicht Gers is myn koartsich libben. Moai is in sin as ‘as in skeletrak hingje ik hjir út ’e liken’.
Proaza
By de foarige digitale ensafh die ik melding fan it feit dat Brolsma foarearst mei syn lêste bydrage kommen wie. Lykwols hat er noch in stik skreaun. Dan sil dit grif de lêste wêze. Brolsma, nochris tanke wol foar jo bydragen!
Kollums
Willem Winters hat in boekje fan mar (!) tritich-fjirtich siden lêzen fan de keunstkritikus Herman Hana dy’t in nuveraardige wize fan keunstoardieljen der op nei hâldt.
Cornelis sil sjen nei in boufergunning. Dan mei ik wol sjen nei in pear blomlêzingen…
En Jelma bekroadet har om de fûgeltsjes by harren om hûs en hear.
Multymedia
En jawol, dêr is de fyftjinde Wiere Wurden al wer! Dat giet mar flot-op!
Sinjalemint
Iksels haw Reboelje yn Kollumerlân lêzen, de tredde (histoaryske) roman fan Rommert Tjeerdsma.
Oersetting
Hindrik Wiebe Rinzema hat wer in gedicht fan de bekende Meksikaanske dichter Octavio Paz oerset. Dit is Ynterrupsjes yn it westen (1). In oare kear komt de twadde en de tredde en fjirde binne yn it folgjende papieren nûmer fan ensafh te lêzen.