Hedwig Terpstra

ensafheest grut sukses!

logo.ensafh

Imke Hooijenga iepenet sneontejûn 12 maart it grutte ensafheest yn Romein yn Ljouwert. ensafh wol mei dit feest jongerein mear belûke by de Fryske literatuer. Acht dichters en twa hurde bands trede jûn op. Om 20.00 oere binne der al aardich wat minsken binnen, en geandewei de jûn wurdt it lekker drok. Der hinget in goede sfear en ja, der is ek aardich wat jeugd.

Tsead Bruinja (1974) set út ein mei in oersette tekst fan Bob Dylan, ‘Blues fan it Fjoer’:

Der baarnt my wat yn `e kop, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn `e kop, ferdomme
Neffens my baarn ik ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Ja jong, ik stoarje wat dy kant út
nei de hurde grûn fan dat begraafplak dêr
stoarje wat dom dy kant út
nei dat kloate begraafplak dêr
It sjocht der oars aardich ferlitten út, ferdomme,
at dy sunige sinne einlikst sakket
It sjocht der oars aardich ferlitten út, ferdomme,
at dy sunige sinne einlikst sakket
Der baarnt my wat yn `e eagen, ferdomme,
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn `e eagen, ferdomme
Neffens my baarn ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Der komt swarte reek omheech, ferdomme
It rikket my swart út ’e kop wei, swart út ’e kop wei
It rikket my swart út ’de kop wei heite,
swart út ’e kop wei heite
Freegje no dy rottige reade duvel mar
en meitsje myn stjonkende stjerbêd op
Freegje no dy rottige reade duvel mar
en meitsje myn stjonkende stjerbêd op
Der baarnt my wat yn ’e skonken, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Der baarnt my wat yn ’e skonken, ferdomme
Neffens my baarn ik op, baarn ik hielendal op
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte
Èh, stjerre kin my net in fuck skille heite
Mar dy bern kin ik net allinnich jankend achterlitte

Tsead draacht krêftich foar mei driging yn de stim. De werhelling yn de tekst makket de ympakt grutter. Oare fersen dy’t er bringt binne ‘Heal stok foar wa?’, ‘De ynkringer (de liftbetsjinner)’, ‘Nicaragua’ en ‘Te folle ljocht’. Dat is allegear nij wurk en noch net yn in bondel ferskynd.

Grytsje Schaaf (1979) is ek dwaande mei nij wurk, dat se jûn foardraacht. Dit wurk is titelleas, op ien nei: ‘Taksydermy’. It is noch net dúdlik wannear’t der in nije bondel fan har komt, it wurk is noch ‘in progress’. In fragmint út in gedicht oer groeden en surrogaten:

weisakjend yn in fytsfiver daget de woestyn
it gat yn de grûn
folje it op mei watten
bûgje de triedden
blaas de fearren droech en
pluk yn fergetten fluezen mei dyn pinset
read libben jout ôf

Hjirnei komt Elmar Kuiper (1969) op. Hy draacht foar út syn nije bondel ‘Granytglimkes’ dy’t ein maart útkomt by útjouwerij Bornmeer. Sawat alle fersen gean oer de leafde, it langstme en de dea. Inkele fan de titels fan syn foardroegen gedichten binne: ‘Lit my fiele’, ‘Fertriet’ en ‘Op in dei’, in fers fol langstme. Ut ‘Ofrekkening 1’ en ‘Ofrekkening 2’ blykt syn jeugdleafde foar Kate Bush. It fers ‘Oantinken’ komt ek yn syn nij boek:

Harm stuts ris
in rôt dea mei de heafoarke
André Remco en ik
wy skopten op it hiem
tsjin in learen bal
ik wie tsjeu la ling
kapte André út en skeat
in kowerútsje stikken
rûn ris mei in keal fan heit
op ’e keuring yn de Friesland hal
de karmaster skodholle nee
it keal liet har moai sjen
mar ik koe hielendal
efteroan slute

Geart Tigchelaar (1987), ek einredakteur fan de webside fan ensafh, draacht ûnder oare de fersen ‘As klaai’, ‘By neier ynsjen’ en ‘Mokerheide’ foar. Dat gedicht hat er skreaun út ynspiraasje troch de grutste soal fan Fryslân – sa’t er it sels seit – , Hindrik Wiebe Rinzema, dy’t no yn Meksiko wennet. Mei Rinzema makket Tigchelaar de cartoon ‘Wiere wurden’ op de webside fan ensafh. Hy is krekt klear mei de oplieding Fryske taal en kultuer yn Grins en is drummer yn de band Kramtried. Hjir it gedicht ‘Spikerbroek en Rock ’n Roll’, dat ek opnommen is troch Kramtried foar it projekt ‘Oer it Wetter’:

de wearzge streamt my oer
by ’t tinken oan it lân oer see
it lân massaler as syn djipten
opperflakkiger as syn wiidte
god bless you all
want dat klinkt
sa moai
oer it wetter
ta neat fljocht it nei hege hichten
de himel laket
de himel stjoert
pylken as fleantugen
arrogânsje tuorret mar falt net
har beurt te stjerren
har beurt te moardzjen
twadde atlantis op grutte skaal
jou it lân werom oan see
de spikerbroek en rock ’n roll
doch ik myn foardiel wol mei

Hjirnei is it tiid foar muzyk fan de Hûnekop. Hurde rockmuzyk mei Fryske teksten. De band komt út De Feanhoop en hat no twa cd’s út. Ek sille se in Frysktalich Johnny Cash-nûmer opnimme yn it ramt fan it Johnny Cash yn it Frysk-projekt. Se sjonge ûnder oare ‘Ien twa trije, ik sil dy snije!’ om in yndruk te jaan. Guon âldere minsken skrikke fan it stik leven en de rûge teksten en bejouwe har nei in oare rûmte. Oaren fine it geweldich en begjinne te swingen. It kontrast mei de weemoedige poëzij is yn elk gefal grut!

Nei it skoft (mei hapkes!) komt Janneke Spoelstra (1962) op. Alle gedichten dy’t se jûn foardraacht komme yn har nije bondel dy’t yn juny útkomt. Har gedichten gean ûnder oare oer de Fryske identiteit, bygelyks ‘Fryske beweging’, ‘Fryske froulju’ en ‘Grutsk in Fries te wêzen’. Dit is har gedicht ‘Yn ’e nacht’:

it gnauwen achter de gipsplaat
it piipjen fan ’e brânmelder
dat de batterij hast leech is
it ronken fan frachtauto’s
mei ûnbekende lading
it rûzjen yn ’e beammen
fol dea hout
it balten op ’e dyk
it slaan op ’e buorden
yn ’e nacht
wol sliep net komme
begraaf ik alris ien
om der wat oan te wennen
wa draacht, wa rint neist wa
as dy der dan noch is
it tsjerkhôf om of wurdt it
dochs in kremaasje
yn ’e nacht
as ik net earder
mar men hoecht jinsels
net te begraven
yn ’e nacht
wol sliep net komme
bêdzje ik del
wat kin ús gebeure
de kat leit op it fuottenein
en ûnder – nee, net tinke no
oan ’t byljen yn ’e moarntiid –
ûnder hâldt de hûn de wacht
yn ’e nacht

Sytse Jansma (1980) draacht foar út syn bondel ‘Wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. Bygelyks ‘Bûten leit de Harnzer haven’, ‘Taksygiel’ en ‘Dat der hjoed in mage iepene waard’. Hy is ek dwaande mei nij wurk, lykas ‘Myn sukkeldraaf’. Wylst Sytse foardraacht fertelt Sito Wijngaarden my dat er tegearre mei Sytse begûn is mei it dichtsjen, mar dat er der sels mei opholden is. Op myn fraach oft er it skriuwen wer ris oppakke wol seit er dat er noch wol ris in koart ferhaal skriuwe wol. We binne benijd….

Sytse’s wenplak Harns en de see komme in soad werom yn syn wurk, lykas ek yn ‘Harns op hol’:

brêgebeambel, rimpelfel
jonge hûn hat bonke fûn
klippermêst, hâld dy fêst
noardwestewyn komt haven yn
slûzen ticht en brêgen del
brune sûker, sjokomel
tsjerkekroech en bibelbier
shoarmatint’ mei skjinne flier
bleate ijskodrippen en in bist
wurdt minsk wurdt bist

Sigrid Kingma (1989) dichtet oer alles dêr’t se fan tinkt dat se der wat mei kin. Meastal begjint se by de ein en wurket dan fan ûnder nei boppe. Dêrtroch rinne al har gedichten nei in soarte fan klimaks. De gedichten ‘Vanellus’, ‘Gjin bôle foar de eintsjes’ en ‘Hjerst’, dy’t se jûn ûnder oare foardraacht, binne ferskynd yn Skanoskrift, it ferieningsblêd fan Skanomodu. Se skriuwt ynliedings by har gedichten omdat se net wol dat it fers te bot in eigen libben kriget. ‘Presokratepraat’ is har earste gedicht yn ensafh. It earste gedicht dat se jûn foardraacht, ‘Geheimen yn oranje’ hat se twa wike ferlyn skreaun en dat is dit:

Om ta de kearn te kommen
Moatst de bal dy’t net in bal is
Untpelle, ûntklaaie en ûntlede
Laachstruktuer feroaret yn partstruktuer
Nim nochris in bal yn de hân
It mystearje sil oplost wurde yn
Untpelle, ûntklaaie en ûntlede
In wrâld binnenyn, perfekt strukturearre
De geheimen yn oranje
Sil men net fine troch
Untpelle, ûntklaaie en ûntlede
Alle kearen wer oars, ûnkenber
Set dyn tosken der yn
Byt dy fêst yn de problematyk fan
Untpelle, ûntklaaie en ûntlede
Noch in stik of wat
De ûntknoping priuwt as in oranje bal
priuwe moat yn de oanbieding
by de Jumbo as perssinasappel
Twadde netsje fergees

Hidde Boersma (1980) draacht spesjaal foar Pier Boorsma it gedicht ‘Pier Boorsma’ foar:

It moaie
fan in man as Pier
Hy hat
ta yn ‘t ûneinige
tiid
Foar in potsje bier

Dêrneist lit er in pear gedichten hearre oer hier, ûnder oare op de skonken. Oare gedichten fan him binne ‘Boem is ho!’, ‘Op ’e skoat’ en ‘Muorkes’. Nei oanlieding fan Boersma syn gedicht ‘De rop om Doede’ is er troch de Volkskrant-sjoernalist John Schoorl útroppen ta aartsfader fan in nije streaming: it doedeïsme. Ut it publyk wei wurdt er taroppen mei ‘Doede’. Hy freget it publyk oft er wat serieus of wat grappichs bringe moat. It publyk wol seks. Hy einiget mei in pear koarte gedichten: ‘Net mâl genôch’, ‘Prachtige preek’ en ‘De held’.

De garaazjerockband New Killer Stars út Ljouwert slút de jûn dinderjend ôf. De band hat ferline jier syn debútalbum ‘Crash Their Parties And Rob Their Houses’ útbrocht. De cd is opnaam yn de Feriene Steaten. New Killer Stars bringt in mjuks fan punk, garaazje en grunge. It publyk reagearret tige entûsjast en der wurdt flink dûnse. Ik praat mei in jonge dy’t hjir mei in groep fan sa’n fyftjin oare jonge minsken is. Hy fynt it in aparte jûn, seit er. Gedichten dy’t ôfwiksele wurde mei muzyk. Mar it wurket wol, hy fynt it in geweldich feest. Hy freget him lykwols ôf oft dit nei twa of trije kear wol wer wurkje sil, want dan is it nije der wer ôf. Dat sjogge we dan wol wer. Dit ensafheest is yn elk gefal tige slagge!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *