
Der moat mear romte yn de boekekast komme. De steapels nije oankeapen yn myn “studearkeamer” wurde te heech. Dat ik sjoch foar de safolste kear nei de twa planken mei Simon Vestdijk. Dy haw ik sûnt myn tritichste net mear lêzen. En eins haw ik allinne oan Ivoren wachters en Pastorale 1943 dierbere oantinkens. En oan de sadistyske Meneer Visser’s hellevaart, oan de sênes wêryn’t er in wylde ein tusken syn tsjeaken ferbrizelet en op de wc Robespierre tinkt te wêzen. Foardat ik it wit, sit ik wer te lêzen. Ik nim in ferhalebondel mei op bêd, ‘De oubliette’ en ‘Het veer’ moatte de trochslach jaan. Masterlik, fenomenaal. Vestdijk fuortdwaan is ferried. Oan de literatuer en oan de man sels. Ik wit noch dat ik yn Trouw lies dat er mei syn buorfamke Mieke trouwe soe. Jaja. De faam mei deselde ljochte eagen as de frou yn De dokter en het lichte meisje. Stiet ek noch op de boekeplanke. Dy frjemde eroatyske foarkar fan Vestdijk foar blekebetsjes. Dy leafde foar lytsboargerlike yntriizjes yn provinsjestedsjes dy’t sokke ûnfertarbere romans oplevere as Het verboden bacchanaal en De onmogelijke moord. Soe Wadman dêr syn ynspiraasje weihelle hawwe? Nee, Vestdijk kin noch lang net fuort. Blake Morrison, David Mitchell en Michaël Zeeman bliuwe noch mar even op de skeane steapel yn myn keamer lizzen.
As it folsleine wurk fan Vestdijk no ris op ynternet set waard, dan koe ik dy planken opromje en allinne folstean mei de ferhalen. Mar dan moast ik ek Het vijfde zegel misse, dêr’t myn earste leafde in prachtige tekening yn neilitten hat. It kin net, it mei net.
Michaël Zeeman kom ik wol tsjin as ik troch de binnenstêd fan Ljouwert kuierje. Oer it Ruterskertier, troch de Lytse Tsjerkestrjitte. Syn mânske bibleteek bestiet net mear. Ferkocht nei syn dea. Rinnend troch de Lytse Tsjerkestrjitte tink ik oan de antikêr dy’t in twaddehâns boekesaak begjinne soe, mar de saak noait iepene, want de katalogus wie noch net klear. En ûnderwilens kamen der allinne mar mear boeken by. De man is ferivige yn Zeeman syn koarte ferhaal ‘De antiquaar en het verlangen’ as Joseph Neumann, yn de bondel De verduistering (1995). De ik-ferteller yn dat ferhaal ropt ûnferjitlike oantinkens oan Michaël Zeeman op.
Hy komt yn myn boekekast, neist de ferhalen fan Vestdijk. Ik haw noch in flierinkje, dêr kin salang wol in doas mei Vestdijkboeken stean. Noch net nei it antikwariaat, noch net nei it Vergeet-me-nietje, nei de steapel fan ien boek foar in euro, seis foar fiif.