
‘Fergelike mei de stiennige kliuw fan Wadir Watir dêr’t wy niis trochhinne rieden docht dit strân suver oan as in golfparkoers!’ seit myn gids, ûndersiker Ron Wyatt laitsjend as wy nei it gleonhite opûnthâld einlings it flakke strân by de Golf fan Akaba opride. Oan ’e oare kant leit Saûdy-Arabië.
‘Dus op dit sân hawwe doedestiids miljoenen harren opmakke foar de oerstek?’
‘Ja… hoe’t Moazes twa miljoen man stjoere koe is allinnich al in wûnder.’
‘Frjemd genôch haw ik altyd tocht dat de oerstek in soarte fan mearke wie, Ron!’
‘Och Hylkema, hoe wurdt der hjoed-de-dei tsjin wûnders oansjoen? Hokker wurdearring jout men in wûnder noch, it falt jo net oan te rekkenjen, hear.’
‘As ik it goed begryp… hawwe jo dúdlike bewizen dat it wol in wûnder is!?’
‘Kloppet… de feiten dy’t op it fersûpen fan ’e Farao fan tapassing binne haw ik glêshelder op foto stean. Ik haw opnamen makke fan in natuerlike brêge ûnder wetter… justjes op seishûndert meter djipte… in langwerpige rotsmassa fan fyftjin en in heale kilometer lang, njoggenhûndert meter breed, en dat yn in see mei djipten fan sa’n oardel kilometer! Tink ris ta hoe’t al dy flechtelingen sûnder moderne navigaasjemiddels krekt op dat plak útkamen nei in lange reis troch de wyldernis fan ’e Reade See… wa kin útlizze wêrom’t de oerbliuwsels fan it grutte Egyptyske leger út ’e achttjinde dynasty op in djipte fan seishûndert meter yn it wetter foar ús rêste!?’
‘Yndied, soks jout te tinken, Ron, wat hawwe je oars te sykjen op ’e boaiem fan ’e see!’
‘Doe’t ik yn 1978 mei it earste ûndersyk fan ’e brêge de earste tsjillen fan Egyptyske striidweinen nei boppen helle, doe wist ik dat ik net mear om de bibelske wierheid hinne koe, om’t it ommers sa beskreaun stiet yn it boek Eksodus. Der binne hjoed-de-dei fansels guon ûndersikers dy’t sizze dat der in soarte fan tsjûnamy west hat… in natuerlik proses… no ja dat mei om my wol… Jo witte wol hoe’t in see droechfalle kin by in tsjûnamy. Binne jo trouwens leauwich, Hylkema?’
‘No eh, bêste Ron… Ik stean leau ’k wat droech op religieus mêd!’
‘Jo sjogge de wierheid fansels as er der is!’
‘Wa wit… al haw ik net folle mei tsjûnamys of Farao’s,’ grapjei ik.
Sa rinne de Amerikaanske ûndersiker en ik fierder it strân oer, drok filosofearjend oer it leauwe en wûnders mar benammen ek de Egyptyske âldheid, ik fiel my suver wat yn ’e rol fan in EO-ferslachjouwer. Ynienen sjogge wy fan fierren midden op it strân in pilaar stean.
‘Wat is dat dêr, Ron?’
‘Dat is in pilaar fan tûzenen jierren âld, in oantinken oan ’e eksodus… oprjochte troch kening Salomo. Oan ’e Saûdyske kant stiet krekt sa’nien. Der binne ynskripsjes op oanbrocht mar dy binne troch de ieuwen hinne fuortsliten troch sân en wyn.’
‘Is it bekend wat der krekt op stien hat?’
‘Jawis… yn it Hebrieusk stie der oan ’e kant fan ’e Reade See: In opportunist is immen dy’t troch syn oertsjûging mar ien kant op kin!’
‘Haha, soks hie de farao lêze moatten, dy Salomo wie wol in grapjas! En oan Saûdyske kant dan?’
‘Dêr stie skreaun: earst tinke, dan dwaan!’