Willem Winters

Bauke de Jong 2

logo.ensafh

DeJiskebakjes fan Bauke de Jong

Doe’t ik lêstendeis socht nei ynformaasje oer en fan Bauke de Jong, fûn ik yn Tresoar, yn de knipselmap it stik Het Asbakje. It is in frjemd ferhaal wêryn’t jiskebakken en oare bakjes ta libben komme. It waard yn 1965 troch De Jong foarlêzen yn it Literair Kwartier fan ‘e RONO. It is de oersetting fan it oarspronklik Fryske stik, mar dat is net te finen.

Yn Asyl ferskynden fan him krityske stikken, benammen syn oanfal op de ferneamde E.B. Folkertsma – dy’t foar de oarloch anti-joadske stikken skreau – joech in soad opskuor.
Trinus Riemersma hat yn Hoe binne de helten fallen de wichtichste stikken oer dizze kwestje byinoar brocht. Net neamt er it prachtige ferhaal fan Bauke de Jong, It Jiskebakje.
Ik bin entûsjast oer dat stik, want liket it yn it earstoan in dada-tekst, al gau fielt de lêzer wol dat der ûnder it absurdisme in twadde laach sit:
In pear sitaten:
‘Als klein kind al wordt je bijgebracht dat er asbakjes, suikerpotten en een heleboel andere dingen meer zijn, waar je met je vingers af te blijven hebt. Een kachel is heet en voor suikerpotten zijn weer andere redenen. Later – je bent dan al wat groter, zeggen ze – mag je, nee moet je diezelfde dingen gebruiken die ze je eerst zo streng verboden hebben. Het is mij tot nu toe dan ook niet gelukt een goede verhouding tot asbakjes en suikerpotten op te bouwen.’

En:

De asbakjes hielden zich stil; dat doen ze wel vaker. Heel lang soms, net alsof het gewone asbakjes zijn. Soms zou ik ze weg willen gooien, maar zonder asbakjes gaat het niet zo best.

It liket earder in metafoar oer minsken, minsken dy’t ferhûddûke wurde.
Om hjir klearrichheid oer te krijen freegje ik it De Jong: ‘Fansels giet dit oer minsken, oer de útstjitting út ‘e maatskippij, benammen de joaden.’
Dizze metafoar is ek hjoed noch yn in soad sitewaasjes fan tapassing.
Reden foar Útjouwerij Perio om It Jiskebakje op ‘e nij út te jaan.

Folkertsma hie yn De stim fan Fryslân yn 1938 gefaarlike, rjochtse filosofyen utere.
De Jong neamde him ‘ús tsjerkebledtsje-essayist grif‘ en De doarpsidioat as essayist.
Neffens guon wie dat der fier by troch. Sa koene je in man as Folkertsma net behannelje. Wat ús no fernuveret, want Folkertsma’s ideeën soene him no swier oanrekkene wurde.
In pear sitaten:
Folkertsma (yn De stim fan Fryslân, desimber 1938):
‘De joaden binne wier net sokke bêsten, dat wy der net tsjin mûnsterje kinne. Fan har oarsprong ôf habbe hja oanhelle west mei slim ûnseedlike eigenskippen en yn ieuwen fan forsilling en forfolging is dat der bileaven net better op wurden.’
En fierder: ‘Ekonomysk, polityk seedlik kin it yn it bilang fan lân en folk wêze, ja sels need habbe, de Joadske macht yn to koartsjen en it Joadske tal to ferminderjen.’
Bauke de Jong freget him dêrop ôf: ‘Hoe stelt hy it him eins foar om dat tal te ferminderjen.’

It antwurd wie al ûnderweis fan Dútslân út en waard hyltyd dúdliker.
Mar ôfsjoen dêrfan is de wize fan tinken fan Folkertsma ôf te karren.
Demonisearring, seit men tsjintwurdich. Slagget dat dan krije de jiskebakjes op harren faalje.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *