
Inerlik ferskinen fan Willem Abma is al syn 19e dichtbondel. Dêrnjonken hat er ek tal fan romans, toanielteksten en in ferhalebondel skreaun. Earder publisearre er ûnder it pseudonym Daniël Daen.
De nije bondel is út seis skiften opboud: Ferglide, Kear, Do op it klif, Frjemd hast eigen, Oer en wer en Oersettingen. Yn totaal steane der mear as tachtich fersen yn en dat is in moai nustje. Ut de flaptekst komt nei foaren dat de poëtyske sirkel (moai yllustrearre op de foarkant) fan Abma rûn liket te wêzen en der stiet dat dizze bondel in soarte fan slotakkoard liket te wêzen. Dêrút kin de lêzer opmeitsje dat dit Abma’s lêste bondel is.
De dichter wol benammen dat wy him net ferjitte sille. Dy winsk wurdt faker as ien kear poëtysk ferwurde. Hjir ien foarbyld:
Winsk
kin gjin fers my jo besparje
as jo aanst de seine harje
wol my dea yn ’t fers bewarje
De mankelikens dript fan de bondel ôf en dat wurdt faak opskreaun yn einrym en wat maklike optinksels. Dat is tige spitich, om’t Abma fansels wol dichtsje kin. Al neamd is dat it in tsjokke bondel is. Wannear’t de dichter kritysker skifte hie, hie it noch in tsjokke bondel west, mar mear kwalitatyf yn lykwicht. De sirkel hie dus mei oare wurden wol mear oanspand wurde kinnen.
Willem Abma
Inerlik ferskinen
Bornmeer 2010