Hindrik Wiebe Rinzema

Hege need

logo.ensafh

It moat ein septimber foarich jier west ha, doe’t ik in pear mails út it heitelân kriich mei de fraach oft we hjir ek lêst hienen fan oerstreamingen. Dêr wie sprake fan op it nijs, mar de tichtste by wie hjir trije oeren wei. De rivier hjirnjonken wie faak mar in lyts streamke, dat myn earste reaksje wie dat se har mar net ûngerêst meitsje moasten want it wetter wie noch fier fuort. Mar soms rint it oars as men ferwachtet.

’t Is in oere as twa as ik de bus útstap en it universiteitsterrein opkuierje. Ik meitsje in praatsje mei de man fan de befeiliging en rin nei it sekretaariaat dêr’t ik yntsjekke moat. Dêr komt de koördinator op my ôf, hy freget my:´Wennest do net yn Rosario?´ Ik antwurdzje him dat dat net al te fier by ús wei is. Hy seit my dat er op it nijs heard hat dat dêr yn ’e buert wat mis is mei in brêge. Der binne twa brêgen by ús yn ’e buert, dus it sil allegearre wol wat tafalle. As lêste grapke sis ik noch dat as er my moarn net op it wurk sjocht, hy wol wit wêrom.
Foar de wissichheid gean ik noch even oan by in kollega dy’t dêr ek yn dy omkriten wennet. Mar hy wit ek fan neat, dat wy sjogge mar even op it ynternet wat se dêr sizze. Der is ien krante-artikel dat wat seit oer in brêge dy’t ticht sit, mei in foto derby mei wat jonges dy’t besykje de tûken en it reid der út te skuorren. Dy brêge ken ik goed, in pear hûndert meter fierderop by ús yn ’e strjitte ha we in dûbele brêge, de earste is foar de auto’s en de twadde foar fuotgongers. It is dy twadde dy’t se skjinmeitsje, dat tsjin dy tiid dat wy op hûs oan sille, sille se it wurk wol dien hawwe, en sa net is it noch gjin probleem want it is net de grutte brêge dy’t ûnder spanning stiet.
Ik gean nei myn lokaal en finkje ôf wa’t der oanwêzich binne. Al gau komme der in pear studinten op my ôf mei de meidieling dat harren maten hjoed net komme kinne omdat der gjin ferkear mooglik is dêr’t hja wenje. As se dan sizze dat dy studinten ek yn Rosario wenje, skrik ik al even. Blykber is der al wat oan de hân. Op it stuit sit der neat oars op as de les ôf te meitsjen en dan besykje thús te kommen. Wy binne op ’t lêst nochtere Friezen en reitsje net al te gau oerstjoer.
As de les dien is stap ik gau yn ’e bus nei hûs en alles liket gewoan oant ik op ’e krusing oankom dêr´t ik oerstappe moat. Hjir binne mear minsken as normaal, mar lokkich sjoch ik ek in kollega fan it wurk. Sy kin net de bus nei hûs nimme, om’t dêr alles fol wetter stiet. Gau besykje ik oare mooglikheden te betinken om thús te kommen. Mar de iennige twa tagongswegen dy’t ik ken, geane oer dizze rivier dy’t blykber oerstreamd is, en ek sy wit gjin oare manier. No beslút ik mar eigenwiis te wêzen en dochs de bus yn te stappen. As ek de bussjauffeur seit dat it wol goed komt, fiel ik my wêr hielendal fol selsbetrouwen. Mar fjouwer blokken letter stiet it ferkear sa fêst as in hûs en stjoert de plysje de bus werom. Ik stap út en rin rjochting hûs, mar as ik de hoeke omrin skrik ik wer, de strjitte stiet fol wetter en de minsken steane der oan ’e knibbels ta yn. Ik besykje noch in pear oare strjitten mar ek dêr stiet alles blank.

Op dat momint giet myn tillefoan, it thúsfront wol witte wêr’t ik bin, want de rivier is oerstreamd. Ik antwurdzje dat ik dat wilens ek al fernaam ha en dat ik oan de râne fan it wetter stean. Nei wat hinne en wer praten beslút ik om myn tas mei boeken en kompjûter by famylje dêr tichtby efter te litten. Alhoewol’t it wetter al by harren om ’e hoeke stiet, ha se dêr noch neat fan it barren fernaam. Werom by it wetter komt ek skoanheit oanfytsen. Neffens him kinne we der rinnend noch wol trochhinne, dat hy giet foarút op ’e fyts om te sjen wat mooglik is. Nei in pear minuten komt er werom en seit dat we rap wêze moatte. Ik doch de skuon út en stap it brune wetter yn. Ik sjoch dat it sa brún is om’t it rioel it op mear as ien plak bejûn hat en no syn ynhâld in meter heech de strjitten yn spuitet. Nei in pear blokken wâdzjen mei it wetter oan it krús ta komme we by de brêge oan, oan de oare kant is it noch net sa slim mar ek dêr moat ik noch in flink stik poatsjebaaie. Dochs is it wetter noch in pear hûndert meter by ús wei.
As we einlings yn ’e hûs sitte en ite sille falt de stroom út, dat betsjut dus ite by kearsljocht en sa no en dan yn it tsjuster nei bûten om de situaasje yn ’e gaten te hâlden. As ik dy jûne nei de brêge kuierje sjoch ik de krêften fan de natuer oan it wurk. De lytse brêge sit hielendal ticht en it wetter streamt der oerhinne, en it liket derop dat ek de grutte brêge it net lang mear hâldt. Ik hear de minsken praten, guon ha auto’s foarby kommen sjoen en oaren sels beammen. Ik ha allinne sjoen dat it wetter in pear kante meter fan de wâl ôffretten hat.

De oare deis sil ik sjen at ik myn tas werom krije kin. It wetter stiet noch hieltiten heech, mar de plysje set de minsken oer mei frachtauto’s en it leger is de tûkebrot oan it fuortheljen. Oan ús kant sjocht it der nei út dat der allinne in stik fan ’e wei fuortspield is, mar oan de oare kant is it slimmer. Op de muorren sit de modder in meter heech, en de measte huzen ha itselde probleem binnen. Ik sjoch minsken dy’t drok oan ’t himmeljen en oaren dy’t drok oan ’t pompen binne.
De oare dei moatte we wer gewoan oan it wurk. Dy dei sjochst noch in protte modder yn ’e strjitten en de wat legere terreinen steane noch fol wetter. Mar nei in pear dagen is it iennige dat we noch sjen kinne fan it natuergeweld, de gatten yn ’e wei en it lêste bytsje wetter. Dyselden dy’t de keamer fol wetter hienen en alles wat se hienen kwytrekke binne sille dit barren minder gau ferjitte.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *