
It moaie fan ynternet is datst der maklik samar fan alles en noch wat oan taheakje kinst. Komme wy der moarn achter dat der noch in lyts tikflaterke yn dizze ôflevering stiet, is dat samar ferholpen. Dat is mei in papieren útjefte net te dwaan. Der kin by stikken maklik in plaatsje of in linkje byset wurde. Soks wurdt hieltyd wichtiger en hieltyd mear dien, no ek folop mei de sosjale media as Facebook, Twitter, Hyves ensafh. Dêrom wol ik hjirre net achterbliuwe en link jimme troch nei ús Facebook: Klik hjirre.
Poëzij
Wer in gedicht fan Piter Boersma út syn rige ‘by it …’. Oaren fan dy rige binne yn de papieren ensafh te lêzen.
Anne Feddema hat in gedicht skreaun op it skilderij ‘Der Jungbrunnen’ fan Lucas Cranach der Ältere út 1546.
Proaza
In setsje lyn hawwe se yn Meksiko oerstreamings hân. Hindrik berjochtet ús dêroer.
Kollums
Hjirby it twadde diel fan Willem Winters oer Bauke de Jong.
Docht Cornelis no in idee op foar in nij boek?
Sinjalemint
Geart Tigchelaar sinjalearret de nije bondel fan Willem Abma, Inerlik ferskinen.
Multymedia
De 17e Wiere Wurden yn ’e rige.
Fraachpetear
Moarnemiddei wurdt yn Zero te Dokkum de nije roman fan Willem Schoorstra presintearre; Rêdbâd: Kronyk fan in kening. Hjir is alfêst in fraachpetear te lêzen dat Hedwig mei him hâlden hat oer syn nij te ferskinen boek.