
Dr8888
Dr8888 is Dr8888, Dr8888 is Dada, Dada is Dr8888.
Dr8888 is it meartal fan Dr8. Op It Hearrenfean hawwe se ien Dr8, wat net itselde is as iendr8, Dr8888 hat mear as ien 8.
Sa kinne wy noch wol in setsje trochgean, w8888, tr8888, ferw8888, fers8888 ensafh, it is een aardich dadaspultsje. Fansels kamen we der op doe’t wy de eksposysje fan Thijs Rinsema en tiidgenoaten yn Museum Dr8888 besochten.
Prachtich om al dat dadaspul wer ris te sjen, hoewol’t wy it idee hiene dat op de Rinsema-útstalling út 1980 [fan Thom Mercuur] noch hiel wat mear wurken te sjen wiene. We misten bygelyks dy portretten fan Marlene Dietrich en Anna May Wong en ek it selsportret út 1934.
Hawar dêr sille wy fierder mar net oere seure, want wichtiger is de fraach: Wat moatte al dy keunstwurken fan net-dadaisten?
Ja, it museum wol ek tiidgenoaten sjen litte. De Rinsema’s libben – fansels – net yn in fakuüm. Mar dat wol noch net sizze dat jo mar yn ’t wylde wei wurk ophingje kinne fan skilders dy’t yn deselde jierren wurken, fan tige ferneamde keunstners oant ûnbekende sneinsskilders. Wat hat de gearstaller foar eagen hân doe’t er syn kar makke. Wy koenen gjin reade tried fine.
Schwitters wie dada en Van Doesburg wie dada. Mar net ien fan de toande tiidgenoaten wie dada.
De iennichste konklúzje is in iepen doar: der waard tige ferskate keunst makke. Gefolch: de útstalling hat gjin klopjend hert. Dat is typysk Dr8888, want Dr8888 hat ek gjin hert, dat is tichtsmiten en ôfbrutsen om romte te meitsjen foar flatgebouwen, ûntwurpen troch de arsjitekten, dy’t ek it Rotterdamske hert wer op gong krije moasten, Broek en Bakema. Ek gjin sukses. Mar de Rotterdammers hawwe der yn elk gefal in fantastysk byld – fan Zadkine- oan oerholden, wylst yn Dr8888 de keunst útmakke wurdt troch Henk Hofman mei syn jammerdearlike blauwe dyk en reade mychammels.
Wat wy ek net begrepen wie dat de tekst yn it boek by de útstalling deselde is as dy fan it spesjale Trotwaernûmer 9/10, novimber 1971.
Neffens Remco Heite is dat dien om’t dat Dadanûmer op ynternet foar hege prizen ferkocht wurdt. Dat is wier, dat Trotwaernûmer kostet samar € 25, wylst de Rinsema-katalogus € 50,- jildt. Te djoer? Wa wit is it dada! Want tink derom Dr8888 is slim dada, net sasear de papegaaiebuurt [allinne de Tatoebaas is goed foar in heech dadagehalte], mar fral it boargemaster Knobbelsdorfplein en omkriten is dada.
Der is mar ien net-dada gebou yn Dr8888: de Lawei, fan de man dy’t de Fryske arsjitektuer stal joech, Bonnema, en mei it keunstwurk [muzyknoaten] fan Tajiri oan de gevel.
It is it hiele jier noch Rinsema-jier. Is dat net tefolle fan it goede? Fansels wolle it museum en de gemeente harren profilearje mei dada. Mar se moatte dêrby net ferjitte dat Dr8888 it lêste plak wie fan de dada-fjildtocht 1923. Dêrnei wie dada sa goed as dea. Boppedat krigen de Dr8sters mar in part fan it programma; Van Doesburg en syn Nellie en Tristan Zara wiene wurch, en gongen nei hûs. Marita Mathijssen skreau – wy witte net mear wêr – dat Dada yn Dr8888 begûn. Dat is net wier. Ek net wier is it dat Schwitters út earmoede altyd in koffer ierappels meisleepte, hy wie te sunich om ûnderweis iten te keapjen.
Dochs wol moai Dada!
Willem Winters
Yn Dr8888,
Yn ’e top trije fan ’e meast freeslike plakken yn Fryslân stiet Drachten foar my op iensume hichte. Ik moat tajaan dat It Hearrenfean en Bûtenpost ek hege eagen smite, mar as ik Drachten (Dr8888 tsjintwurdich) binnen kom springe my de triennen altyd daalk yn ’e eagen. Wat in ferpest oard! Ik reitsje der boppedat altyd folslein it paad kwyt. Kin ik yn oare freeslike plakken it paad noch wol fine, yn Dr8888 net. De buorden ’Centrum’ sizze neat, want der is gjin ‘centrum’. Foardatst it yn ’e smizen hast, bist op ien of oare meubelbûlevaar, yndustryterrein of yn in bûtenwyk belâne. It bart my altyd. Dr8888 is in ramp.
Dan moatte wy werom en sykje om it ienige anker dat wy hawwe: De Lawei. Willem fynt De Lawei mei de fersiering fan Tajiri op ’e foarside wol moai. Ik net. Ik tink altyd dat Tajiri dêr in protsje protters op stroomtriedden setten hat.
Fansels hat Dr8888 wat: in Dada-ferline en Philips. Kom dêr mar ris om op It Hearrenfean en Bûtenpost. Om earlik te wêzen: in skeamele rispinge mar wol de ienige reden wêrom’t ik sa út en troch yn ús bus stappe wol om tegearre mei Willem nei Dr8888 te gean.
Ik moat net ferfelend wurde. Bytiden is der wat aardichs yn Dr8888 te belibjen, lykas de eksposysje fan Machiel Braaksma. Machiel is foar my in hjoeddeiske Dadaïst en ek noch in goede. En no wie der ek noch in ekposysje oer de bruorren Rinsema en de tiidgenoaten. Nijsgjirrich. Dêr moasten wy hinne. Spitigernôch wie it snein en dan is Dr8888 net op syn bêst. Trochdewyks Dr88888 is al net te dwaan, sneinsk Dr8888 is in noch grutter ramp. Boppedat stoar ik fan ’e honger. Mar we hienen gelok! Mids de ferskriklike klean- en skuonwinkels wie der in tinte iepen dy’t alle war die op in restaurant te lykjen. Wy dienen in feilige kar: in útsmiter, hielendal DADA. Dan op nei it museum. Dat wie hielendal neat. In rommeltsje. Hielendal DADA, sil de konservator wol sizze, mar dat leauwe wy net. We besochten noch de skearapparaten fan Philips te besjen, mar dat wie ek al gjin sukses. Ik ha neat mei skearapparaten, en as ik se al besjoch wol ik wol witte wannear’t se makke binne. En dat wie net oanjûn. Ik moat earlik tajaan dat de honger, Dr8888 sels en alwer it paad bjuster wêze in grutte rol spile hat yn myn oardiel oer dizze miskleun en oer Dr88888. Mar ik haw myn gelyk krigen. Willem hie in protte foto’s makke om sjen te litten hoe ferskriklik Dr8888 is. Underwilens hat hy in nije kompjûter kocht. Wat bart der: alle foto’s oerset, útsein de Dr88888 foto’s. Hjoed moasten wy wer nei Dr8888. Op ’e nij foto’s meitsje, noch moaiere. Fansels ferdwaalde ik wer en tocht: ‘Dr8888 is neat, mar ien ding dogge se mear as goed. Gjin paad te finen, alles wat mar in bytsje fan belang is platslein mar ûnderwilens soargje se datst dit hiele ferdomde oard trije kear troch moatst. Dat is DADA!
Anneke van Renssen