Jelma Knol

Ald jaske

logo.ensafh

It Frysk is krekt in âld jaske, foar yn hûs, de keuken en de tún. Der komme hieltiten mear gatten yn, mar wy smite it noch lang net fuort. Wy hâlde sa fan dat âlde jaske, it sit sa lekker en rûkt hielendal nei ússels. Soms laapje wy it wer even op: wat ekstra stevich jern om de naden byinoar te hâlden en nije stikjes lear op de earmtakken en dan giet it jaske wer jierren mei. Mar net nei offisjele gelegenheden, fansels.

Ea – noch net iens sa lang lyn – wie der in ideaal: it Frysk is in folsleine taal, gaadlik om te brûken foar alle ûnderwerpen en yn alle fermiddens: thús, op skoalle, yn de polityk en de wittenskip. En it like derop dat dat ideaal hieltyd tichterby kaam. De Provinsje hie de mantra meartaligens noch net ûntdekt, de gedachte wie doe dat jo safolle mooglik it Frysk aktyf brûke moatte, yn plaknammen, it offisjeel ferkear, ensafuorthinne. De stakkers dy’t it Frysk net machtich wiene, ek net nei in ferbliuw fan tweintich jier yn dizze moaie provinsje, koene altiten noch om in Nederlânske oersetting freegje. Guonnen fan dy omkoalen makken dêr dan wer in deitaak fan en dat hat nei ik grútsjen hear slompen mei jild koste.

Om 1990 hinne doe’t ik by it wykblêd Frysk & Frij wurke, hie it wykblêd sa’n seistûzen abonnees. Dat kaam aardich oerien mei it tal leden fan de KFFB – ek sa’n seistûzen of der krekt ûnder. Propagandist Jan Jongsma kin it nei alle gedachten noch wol presys fertelle. Fan de boeken fan Rink van der Velde – alle jierren ferskynde der wol in nije titel – waarden ek altiten teminsten 5000-7000 ferkocht, mei fikse útsjitters nei boppe lykas it gefal wie by in suksestitel as Pake Sytse. De Pompeblêden wie in begryp yn ûnderwiislân, De Stim fan Fryslân hie tûzenen lêzers, De Strikel hie noch sa’n 1000 abonnees.
It skreaune Frysk waard yn dy media foar alle mooglike ûnderwerpen brûkt: polityk, maatskippij, sport, godstsjinst, natoer, wittenskip (yn útjeften fan de Fryske Akademy) ensafuorthinne. It ferieningslibben wie pro-Frysk. Skriuwsters as Riek Landman, Froukje Annema, Joke Keizer en oaren bewurken yntinsyf de ledejûnen fan de frouljus- en Nutsferienings en ferkochten by de Sutelaksje dat it slydjage. Der like yn dy dagen in basis te bestean om profesjoneel dwaande te wêzen yn it Frysk en dy basis koe útwreide wurde.

No, yn 2011, moatte wy konstatearje dat it skreaune Frysk him fierwei beheint ta twa terreinen: de Fryske literatuer en de beliedsnotysjes fan oerheden lykas de Provinsje.
De leafde foar it Frysk is der noch wol. Minsken prate it yn myn omjouwing allegear: spontaan, sûnder euvelmoed en sûnder bewegingsmotiven. Frysk is yn de rekreative sfear ek noch altiten tige populêr: Fryske televyzje en radio, Tryater, it amateurtoaniel, de iepenloftspullen, Frysktalige lietsjes: gjinien dy’t it misse wol. Dat is moai, mar it giet by it publyk dat fan al dy Fryske uteringen genietet, wol om de passive kultuerbelibbing, dêr’t ik sa’n wurd om sis.

No’t it skreaune en libbene Frysk hast hielendal weromsmiten is op it lêste bastion, de skeppende literatuer, wurdt de kwetsberens fan de taal nammerste dúdliker. Ja, der binne hjir en dêr weblogs yn it Frysk en dat is moai. Mar de ûntlêzing en de fergrizing dy’t ek yn Nederlân taslacht, komt yn it Fryske taalgebiet justjes hurder oan.

De generaasje fan ús âlden, dy tsientûzenen woltinkende minsken dy’t bewust Kneppelfreed meimakke hiene en dy’t loyaal wiene oan de Fryske saak, dy’t Frysk liezen, boeken kochten, har op tydskriften abonnearren, koartsein de kearn fan de brede en loyale stipe foar de Fryske saak, dy generaasje giet nei it âldereintehûs of it tsjerkhôf.

En de leafde foar it Frysk fersûpt tenei yn de frijbliuwendheid. It âlde jaske is hast gear en kin dan fuort.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *