Beart Oosterhaven

Ynbannigens troef

logo.ensafh

Guon Frysktalige artysten en acts kinst mar better net live sjen. Se dogge dan nammentlik it byld datst by it hearren fan har plaatopnamen fan harren foarme hast, slim ûnderstek. Yn it echt binne se ôfgryslik ‘leaf’ (Grytsje Kingma), ‘braaf en moraalridderich’ (Bauke van der Woude), en/of hawwe se in poadiumpresintaasje en -útstrieling fan nul-komma-nul: it binne deade lullen.
Fan it lêste is it duo Ljoubjr, dat bestiet út Hedser Jan Tijtsma (sang en gitaar) en Eelke Wiegersma (gitaar), in skoallefoarbyld. By de presintaasje fan harren jongste cd Blauwe moanne, ein-novimber ferline jier te Easterlittens, foel it mear oanwêzigen op: net Ljoubjr, mar de útnoege gastartysten Ernst Langhout en Sytse Haima stielen mei har sterke optreden de show! Dochs hâld ik in ‘swak’ foar de net-poadiumartysten dy’t hjirboppe neamd binne. Dat is foaral op ynhâldlike en estetyske grûnen.

Ljoubjr is dus sa’n act dy’t it foaral hawwe moat fan sterke plaatopnamen. Dat wie al te hearren op ’e miny-cd’s Streamingen (2005) en De sinne giet ûnder (2006) en is no ek wer it gefal op harren earste ‘folweardige’ lûddrager: Blauwe moanne.
Dy cd draacht oars net allinne lûd, der is ek hiel wat op te sjen. Sa steane der unike (mar wat my oanbelanget dus oerstallige!) troch Kevn Kinney en syn crew makke ‘live bylden’ op fan it optreden dat Ljoubjr op 25 febrewaris 2010 yn Poppoadium Romein te Ljouwert fersoarge as foarprogramma fan dy ferneamde Amerikaanske singer-songwriter. En fierder is der in troch Douwe Talma fan Omrop Fryslân makke fideoklip fan it nûmer ‘Dûnsje’ op te finen.
Mei dat stik iepenet it audio-part fan ’e skiif en dêrnei folgje noch njoggen nûmers, sadat de audio-leafhawwer fan mei-inoar 10 stikken genietsje kin. Dy’t oars net allegear nagelnij binne: ‘Sûnder dy’ en ‘Moanne famke’ stiene ek al op ’e miny-cd Streamingen.
Sjonger-gitarist Hedser Jan Tijtsma is de tekstskriuwer fan Ljoubjr. Njoggen fan ’e 10 lietteksten op Blauwe moanne binne fan syn hân. Ien nûmer, ‘Nachtswimmers’, hat wurden fan ’e âld-stedsdichter fan Ljouwert, Arjan Hut.
As liettekstskriuwer hat Tijtsma wat autentyks. Dat is foaral te hearren yn ’e leafdeslieten dy’t op ’e cd steane. Sa komt er yn ‘Dûnsje’, nettsjinsteande it folslein mislearjen fan ’e reis dy’t er yn dat nûmer mei syn leafste ûndernimme wol, ta de snoade konklúzje:

Wat binne wy der moai op út
[…] Binne sa wiis mei elkoar
Sjogge kultueren yn in rûs
It plaatsjesboek lit ús dreamlannen sjen
Mar wy binne net fier fan hûs.

Guon nûmers toane de dichter yn ’e liettekstskriuwer Hedser Jan Tijtsma, sa as yn ‘Sûnder dy’, mei byldzjende rigels as:

[…] wat moat ik asto fuort giest
Wat moat ik sûnder dy
Ast mei de loft ien wurden bist

Op Blauwe moanne stiet ek it moaiste drinkliet yn it Frysk sûnt Jaap Louwes sines op ’e cd Fratsen út 2001! Hedser Jan Tijtsma dichte foar ‘Stille stêd’ dizze iepeningsrigels:

It is yn it djipst fan ’e nacht
Dat ik mysels wer fyn
Ik freegje hoe’t it giet
En fyn treast yn in glês wyn

Sa net, foar de wiere ‘dichterlikens’ moat men op Blauwe moanne by de tekst fan Arjan Hut wêze. Sjoch mar ris nei dizze rigels út syn ‘Nachtswimmers’:

In refrein roert troch folsleine nachten
Beammen fan keardels somberje
In winter as in wâld

Mei ‘Nachtswimmers’ hawwe wy dan ek it topnûmer fan dizze cd te pakken. It hat in goede yntrigearjende tekst en is muzikaal alderprachtichst fan gitaardynamyk.

Ut de foargeande oanhalen kin opmakke wurde dat yn de teksten fan Blauwe moanne ynbannigens troef is. Datselde kin sein wurde fan it muzikale aspekt fan ’e cd, dat alhielendal ynfolle is mei twa (elektro-)akoestyske gitaren (allinne yn ‘Stille stêd’ is noch in mûlharmoanika te hearren). Aparternôch ferfeelt dy dûbele gitaarbegelieding gjin tel! Ljoubjr hat gitaristysk nammentlik sáfolle yn ’e hûs, dat elk nûmer jin wer ferrast.
As Ljoubjr sa trochgiet, koe de kwaliteit fan it duo wolris dy fan har konfraters Jack O’Neil en Cary Pierce, better bekend as Jackopierce, benei komme. Op dy harren cd Bringing On The Weather (1994) brûke se mear ynstruminten, mar yn essinsje docht Jackopierce út Dallas (Texas) itselde as Ljoubjr út Winsum (Fr.)!

LJOUBJR
Blauwe moanne (cd)
Eigen behear, Winsum (Fr.) 2010

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *