
It Obe Postma Selskip is fan doel om, ter gelegenheid fan har lustrum, oandacht te besteden oan komposysjes dy’t makke binne op tekst fan de dichter Obe Postma (1868-1963). Yn ferbân mei boppesteande skriuwt it bestjoer fan it Obe Postma Selskip in priisfraach út foar nije komposysjes foar koar of solosang, al dan net mei begelieding, op gedichten fan Postma, sa’t dy te finen binne yn de lêste útjefte fan syn Samle Fersen 2005.
Wy freegje ien of mear wurken dy’t maksimaal 15 minuten yn beslach nimme. Der wurde seis wurken selekteard en nominearre. Ien komposysje wurdt oanwiisd as de beste. Dizze bêste komposysje sil bekroand en honorearre wurde mei 1500,00 Euro. De ûnôfhinklike sjuery, dy’t de anonimisearre komposysjes beoardielet, bestiet út Alex Manassen (foarsitter), Daan Manneke, Wim van Ligtenberg, Oane Reitsma en Johan de With. Ynstjoerings moatte foar 1 desimber 2011 stjoerd wurde oan dhr. Jan Gulmans, skriuwer fan it Obe Postma Selskip en sektaris fan de sjuery. It reglemint foar de kompo-sysjepriisfraach is te downloaden op it webstee fan it Obe Postma Selskip.