
ik krige inkeld ris in oanknopingspunt benammen by de earste rigel dan komt de hiele wrâld jin yn ’e mjitte mar ik kin der net safolle mei as it der op oan komt is de kime tichtby it perspektyf hieltyd wer oars ik kin der neat mei nee it slagget my net ik kaam wol oandwaanlike bylden tsjin sa as in stien dy’t praat in byljende hûn op in geitewollen sokkel in man fan rubber mei ekstereagen mar troch de bank nommen hat er fierste min selskrityk ik bedoel de skriuwer mei syn útwrydske gewichtich lykjende mar bûten de stokken … Lês fierder