Cornelis van der Wal

Hassesboek

logo.ensafh

Sûnt koart sit, om ús nammebekendheid wat te fergrutsjen, jo favoryt tydskrift ensafh op netwurkwebside Facebook. Facebook, dat is Ingelsk. It is frijwat dreech om it oer te setten yn it Frysk, nei myn betinken. Antlitboek? Brr… Hassesboek? Is eins Stedsfrysk en in bytsje te rûch foar de measten tink, ik fyn it wol aardich, mar it kin faaks noch better. De yn ús lân meast gongbere ‘oersetting’ kin ek yn it Frysk brûkt wurde: Feestboek, mar dat slacht fansels nearne op.

Ik, as persoan, as minsk dus sis mar, haw in jier by Facebook wei west, om’t ik it eins mar neat fûn, ik seach de mearwearde net. Lykwols, in pear moanne lyn haw ik myn account wer reanimearre, om, ik jou it earlik ta, reklame te meitsjen foar myn nije dichtbondel. Ik fyn it no in stik nijsgjirriger, mar dat sil grif mei persoanlike omstannichheden te krijen hawwe. En it begjint te wurkjen, myn sosjale-media offinsyf. Doe’t ik fannemoarn, krekt wekker, noch gjin kofje yn it systeem, myn facebookside iepene, waard ik daliks al konfrontearre mei in lêzer dy’t myn wurk hiel goed lêzen en begrepen hat.

Hy/sy skreau: ‘Fuck you faggot. Go kill yourself. Do whatever the fuck you want. I hate you […]

Sjoch, dat is taal nei myn hert. Jo meie dit wol ta de hichtepunten fan de Fryske literatuerkrityk rekkenje. It liket Eeltsje Hettinga wol. Mar der is ien probleem: it is gjin geef Frysk fansels. Dêrom haw ik in wedstriid organisearre. Wa fan myn lêzerkes makket ris in krytgeve oersetting yn ús ­– pardon – streektaal fan dizze oangripende Ingelske tekst? De redaksje (ik dus) sil – nei yngeand oerlis – de bêste ynstjoeringen op myn Hassesboek-side pleatse.

Klaas Bruinsma mei ek meidwaan.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *