Hindrik Wiebe Rinzema

Easy rider

logo.ensafh

Oer Meksiko besteane in soad foaroardielen. Sa wurdt der wolris sein dat de minsken dêr ride as healwizen en dat de plysje foar in pear sinten dyn bêste maat is. It earste kin ik út eigen ûnderfining befestigje, it twadde ha ik allinne yn it nijs sjoen, mar wol kin ik sizze dat se soms wat te behelpsum binne.
Hjir yn de stêd hast alle dagen de situaasje dat in pear hûnderttûzen minsken harren op itselde momint ferpleatse wolle, de measten ha gjin eigen ferfier, en dêrom ha we hjir in soad bussen. Wêr’st ek komst, der binne altyd wol bussen en hoechst nea langer as in pear minuten te wachtsjen foar de folgjende. Mar dochs is it iepenbier ferfier hjir net sa noflik as je tinke. De bussen binne faak ôflizzers út Noard-Amerika dy’t fan ellinde hast útelkoar falle, en de sjauffeur hat faak in slok te folle hân. Lykwols eltsenien riidt hjirre as in healwize. En dat moat ek wol want yn de lêste tsien jier is it oantal auto’s hjir hurd oprûn, en gauris moatst in healoere wachtsje op in krusing, foar in blokkade of in protestmars. De minsken witte meast net mear troch wa en wêrom’t de boel ophâlden wurdt en alle kearen is it op syn minst in oere fertraging. Dêrom riidt eltsenien hjirre sa’t it him it bêste útkomt om dochs mar wat op te sjitten. Mar nettsjinsteande dit riidgedrach is it iepenbier ferfier hjir in dreech barren. En nei in pear moannen alle dagen fiif oeren yn de bus te wachtsjen ha ik op ’t lêst mar besletten in motor te keapjen, want dat is eins it iennichste ferfiermiddel dat hjir goed foldocht. Mei de motor giet it hjir in stik hurder, wat ik oars yn fiif oeren die, doch ik no yn in oere en de benzine kostet my in fyfde part fan wat ik kwyt wie oan de bus.
Dat de motor hjir it ideale ferfiermiddel is die ek dizze dei wer bliken. Ik bin ûnderweis nei it wurk as ik yn in file fan in pear hûndert meter reitsje. Ik ha al wat twifels, mar lavearje tusken de auto’s troch en binnen in minút stean ik foar it stopljocht. Ek dêrnei is it drokker as oars, mar mei de motor en in bytsje bretalens bist ek dêr sa trochhinne. En doe barde it, it stiet der fol mei plysjes fan ferskate ôfdielingen. Ik freegje my ôf wat der oan de hân is want ik sjoch gjin bussen dy’t de krusing fierderop blokkearje, noch sjoch ik in protestmars. Dat ik beslút ien fan de plysjes te freegjen oft ik der lâns kin. Yn sa’n gefal sprekke je altyd de ferkearsplysjes yn in motor-unifoarm oan, want dy fan de auto’s jouwe bekeuringen dêr’t de motorriders inoar helpe. Soms meist bygelyks tsjin it ferkear yn ride, en ek dizze kear wie de plysjeman behelpsum. Doe’t ik him útlein hie wêr’t ik hinne woe sei er: ‘moast hjir in lyts stikje trochride en dan dy wei dêr links ynslaan en dan bist der ek hast.’ Dat ik dy kant op, mar as ik de wei ynslaan sil, blykt de wei ôfsetten te wêzen mei giel lint. As ik nochris better sjoch, sjoch ik buordsjes mei nûmers en kûgels op strjitte lizzen. As der dan ek noch kryttekeningen te sjen binne beslút ik mar in pear blokken om te riden.
Dy middeis hearde ik in pear kollega’s praten oer dat der in plysjeman deasketten wie, mar se koenen it der net oer iens wurde hoe en wêr’t it no bard wie, mar dat koe ik harren wol fertelle.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *