
Fan Annie M.G. har libben wist ik foar de biografy fan Annejet van der Zijl ferskynde allinne in pear globale feiten: dat se in dûmnysdochter út Seelân wie, bibliotekaresse waard en dat har gloarjetiid flak nei de oarloch by it Parool begûn. Ik haw har ienkear yn it echt sjoen: yn Amsterdam, yn de bioskoop by de ferneamde film Mephistofeles mei Klaus Maria Brandauer. Dêr skode se yn de rige foar my oan mei Parool-kollega Jeanne Roos. Ik werkende de froulju daliks. Wat hiene se in wille mei har beiden, foar de film begûn! De grumpy old-lady dy’t Annie M.G. yn de lettere televyzjesearje foarstelle moast, wie noch hiel fier fuort. Of hat nea bestien.
Eins koe ik it wurk fan Annie M.G. allinne fan ‘Ja zuster, nee zuster’. Dat feroare yn oktober 1993. Doe’t ik op 1 oktober as redakteur by de Friese Pers Boekerij begûn, siet de útjouwerij noch op de Houtleane yn Drachten, yn it gebou fan de Drachtster krante. In moanne letter ferhuzen wy nei it nije gebou fan de Ljouwerter Krante yn Ljouwert.
Robert Wielinga fûn it wol aardich dat ik sa noch in stikje bedriuwsskiednis meipikte yn Drachten en achternei bin ik him dêr erkentlik foar. Sa koe ik noch meimeitsje dat Rink van der Velde alle wiken even by ús oanwipte, foar in smout praatsje en de lêste nijtsjes oer syn boeken. Us kantoar lei flakby Café Marktzicht, dat sadwaande.
Yn dy nochal tsjustere burelen boppe de krante húsmanne de redaksje en produksjebegelieding fan de Friese Pers Boekerij en de Friesland Post dy’t ek troch de FPB útjûn waard en de advertinsje-ôfdieling en oare fasilitêre tsjinsten. Trije fan myn kollega’s dêr sjoch ik hjir yn Ljouwert noch sawat alle dagen en sa út en troch hawwe wy it noch wolris oer “De goede oude tijd.”
Ien fan myn earste ûntdekkingen yn Drachten wie dat der in folsleine oersetting klear lei fan
Pluk fan de Petteflet. In moaie oersetting, yn linich en tagonklik Frysk, mei each foar de taal- en nammegrapkes fan de skriuwster, Annie M.G. Schmidt. Mar de produksje fan it boek stie stil. It soe as ko-produksje ferskine moatte tagelyk mei de nijste werprintinge fan it Nederlânske orizjineel by Querido. Mar de FPB hie in korrektor ynhierd dy’t de al sette tekst kwa taalnoarm behoarlik âlderwetsk makke hie. Foar my wie dus de opdracht weilein om alle korreksjes te ferlykjen mei de Nederlânske útjefte en de Fryske oersetting, om safolle mooglik rjocht te dwaan oan it orizjineel fan Annie M.G. Want it boek moast wol tagelyk mei de nijste werprintinge fan Querido nei de printer, oars soe it in hiele djoere útjefte wurde.
Sa makke ik al close-readend foar it earst kennis mei dit masterwurk fan Annie M.G. en de FPB koe it boek lokkigernôch op ’e tiid útbringe.
Yn de oars geweldige biografy fan Annejet van der Zijl wurdt it wurk fan Annie M.G. amper behannele. Dat is bêst spitich. Pluk fan de Petteflet koe ynhâldlik en kwa tendins allinne mar skreaun wurde troch in kalvinistyske dûmnysdochter dy’t har godstsjinstige ferline op in hiele eigen wize ferwurke hie. Pluk is it fiifde evangeelje, mar dan foar bern. De parallellen binne mear as dúdlik. Pluk ferskynt yn syn weintsje as in echte Jezusfiguer út it neat, en der is foar him earst gjin plak yn de herberch. Hy ûntjout him yn it ferhaal al gau as in neuroatysk rêderke fan wrâld en miljeu en as immen dy’t in hekel hat oan Farizeeërs (mefrou Skjinner) mar tagelyk wol omgiet mei tolgarders en lichte froulju (no ja, de family fyspeuk, de Stamperkes).
In skriuwer, is myn miening, leare jo noch altyd it bêste kennen út syn wurk. Oer Annie M.G. Schmidt is wat dat oanbelanget noch lang net it lêste wurd sein. Wa skriuwt it folgjende boek oer dizze geweldige skriuwster?