
Sa no en dan hat men fan dy dagen wêrop’t men leaut dat religy en it waar oan inoar relatearre binne. Sa ha in soad minsken it idee dat der altyd in wite kryst wêze moat. No ha we dat fansels lang net alle jierren, en hjir yn Meksiko wie it in fiifentweintich graden, mar dochs fersiere se de boel hjirre mei nep krystbeammen en snie. Ik bin gjin leauwich man, mar dochs komt it foar dat it waar him nei it leauwe foeget.
Sa ha se hjir yn de katolike wrâld foar sa’n bytsje elke dei in hillige, en ek elk doarp of wyk hat syn eigen hillige. No wenje pake en beppe hjir yn in plak dat San Isidro as syn hillige hat en dy hat fyftjin maaie as syn spesjale dei meikrigen. Fansels wurdt soks grut fierd, want foar alles wat ek mar wat mei religy te krijen hat, moat in grut feest komme. Freedtejûn wie der in grutte optocht dêr’t jong en âld harren earen, lever, nieren en golestorolgehalte offeren yn de namme fan de hillige Isidro, en de oare dagen wie der fjoerwurk.
No leaut men hjirre dat op dy fyftjinde maaie de oergong is fan de droege tiid nei it reinseizoen, en fansels is dat allegearre oan ús freon Isidro te tanken. En neffens it folk hjirre reint it dy dei alle jierren. Foarich jier wie it de iennige dei yn in moanne tiid dat it hjirre reind hat, en kinst it leauwe of net, mar ek dit jier hat Isidro ús noch foardat er syn fjoerwurk ûntfange koe, seine mei in bats wetter. De himel bruts bolderjend iepen en yn in pear minuten tiid stie der fiif sintimeter wetter yn ’e strjitten. No in pear wiken letter docht bliken dat it allinne dy dei reind hat. Dat ik bin net in man fan de religy, mar takom jier op de fyftjinde maaie nim ik myn reinklean mei.