
Cornelis van der Wal wol hawwe dat ik him ris flink yn ’e bek hingje. Der moat wer wat mear deilis komme yn ’e no brave Fryske literatuer. Mar dan moat it ek net sa ferrekte maklik wêze om der tusken te kommen. De redaksje fan ensafh hie steefêst út elitêre literêre oerwagings myn poëzij wegerje moatten en my alhiel net yn de redaksje freegje moatten. Faaks hie ik dan wat opstanniger wurden en lange polemiken skreaun yn in eigen oprjochte tydskrift. Mar ik sit hjir no in jier yn de redaksje en haw it altyd noch poerbêst nei myn sin. Dus ja, dan hoech ik net sa nedich de barrikaden op. Der wurdt wol faker sein dat de jongerein wat fûlder wurde moat, mar as de âlderein it der net nei makket, hoecht dat ek net. Dus, ik keats graach de bal wer werom.
Poëzij
De altyd iverige Anne Feddema komt ek diskear wer mei in gedicht; binnen keamerkantemeters.
Piter Boersma, dy’t net oan iverens ûnder docht oan Feddema, komt wer mei in ‘by it’-gedicht.
Proaza
Wurdt Hindrik Wiebe Rinzema no hast bekeard?
Kollums
Cor syn kollum haw ik al oanhelle, ik sil net yn werhelling falle.
Skermer levere in frijwat bluoddrige kollum.
Is it deaslaan fan miggen like slim as it iten fan in baarch? En wat is no wer in flexitariër? Willem Winters en Anneke van Renssen oer it iten fan fleis.
Multymedia
Wy binne al wer ta oan nûmer 21 fan Wiere Wurden.
En wer in ensafhilmke! Diskear oer de nije roman fan Willem Schoorstra; Rêdbâd – Kronyk fan in kening.
Besprek
Oanslutend op it ensafhilmke ferskynt der in fragmint fan it besprek dat ik skreaun haw fan Rêdbâd. It hiele besprek sil ferskine yn de papieren ferzje, nûmer 4.
Oersetting
Piter Boersma hat wer in nijsgjirrige oersetting/bewurking makke fan in Sineesk gedicht fan Bai Juyi.