Skermer

Sfearen

logo.ensafh

Yn heger sfearen, dat wol sizze, yn de hegere sfearen fan de filosofy bejout men jin as men jin oerjout oan de nei alle kanten útpûljende trilogy Spfären fan de Dútske filosoof Peter Sloterdijk. Yn 1998 ferskynde Sphären I – Blasen: Mikrosphärologie, yn 1999 Sphären II – Globen: Makrosphärologie en yn 2004 Sphären III – Schäume: Pluralsphärologie. Yn 2003 kaam fan de earste twa dielen yn it Nederlânsk de ynkoarte edysje Sferen – I Bellen: microsferologie en II Globes; macrosferologie út en no yn 2009 is útkommen Sferen -Schuim: plurale sferologie. Yn de Nederlânske útjeften giet it om boekwurken fan repsektivelik 949 en 693 siden. In moaie tiidkoarting om jin der yn te bedobjen.
Oer it earste diel seit de skriuwer: ‘Yn dizze ûntdekkingstochten troch de boarnegebieten fan de siel, selsûnderfining en yninoaropgean komt oan it ljocht dat de oerskiednis fan it yntime fan ’e miet ôf oan ek in psychyske rampeskiednis is. Men kin net oer de yntime sfearen sprekke sûnder te praat bringen hoe’t se trochbrutsen wurde en op gruttere skaal wer makke.’
Ut syn sizzen oer it twadde diel dit: ‘Mei it oantinken oan de earbiedweardige teoryen oer it bolfoarmige Wêzen wurde ek de filosofyske oarsprongen sichtber fan in proses dat hoeddedei ûnder de titel fan ‘globalisearring’ op alle lippen leit. It komt der op oan dêr de wiere skiednis fan te fertellen – fan de fermjitkundiging fan de himel by Plato en Aristoteles oant en mei de omsirkeling fan de lêste bol, de ierde, troch skippen, kapitaal en sinjalen … It begryp fan de sfear – as besiele romte èn as útstelde en firtuele bol fan it Wêzen- is tige geskikt om de oergong fan it meast yntime nei it meast omfetsjende en fan it sletten nei it iepenbrutsen romtebegryp te rekapitulearjen.’
Sloterdijk skriuwt oangeande diel III: ‘It tredde diel behannelet de hjoeddeiske katastrofe fan de rûne wrâld … It morfologyske archteype fan de polysfearyske wrâld dy’t wy bewenje is net langer de bol mar it skom …Yn de skomwrâlden wurde de ôfsûnderlike bellen net, sa as yn it metafysyske wrâldbyld, yn in inkelde, yntrigearjende hyperbol opnommen, mar opheappe ta ûnregelmjittige bergen.’
Oan it begjin fan de ynlieding fan it boek stiet in oandwaanlik yllustraasje en de beskriuwing en ynterpretaasje fan dat plaatsje foarmje it útgongspunt fan de ynlieding en fan it earste diel, Sfären I – Blasen: Mikrosphärologie.
De yllustraasje is in mezzoprint fan G.H. Every, 1887, nei it skilderij ‘Bubbles’ fan de pree-rafaëlyt Sir John Everett Millais (1829-1896).
Doe’t ik dy yllustraasje yn it boek stean seach stie ik even perpleks. Dy mezzoprint hiene wy oan ’e muorre hingjen. Ik hie him yn it begjin fan ’e santiger jierren kocht op ’e freedsmerke yn Ljouwert.
Wat by ús oan ’e muorre hinget sjocht der sa út.Yn in houten list in spegel mei dêr arabesken yn gravearre en mei in ovale iepening dêr’t de foarstelling yn te sjen is: in jonkje mei krollich hier dat oan it beltsjeblazen is en in bel dy’t er krekt blaasd hat fassinearre nei-eaget. Yn it boek is it gewoan in rjochthoekich plaatsje.
Ik bin noch altyd wei fan ’e naïve en yntime foarstelling.
Sloterdijk skriuwt yn de ynset fan syn boek: ‘No stiicht is swerm bellen op, gaoatysk en fleurich op as in hanfol blauwachtige knikkers dat opsmiten wurdt. Dan by it folgjende besykjen makket him triljend en fol mei eangstich libben in grutte ovale ballon fan it pypke los, dy’t troch in sigentsje meinommen wurdt en fuortsweeft oer de strjitte. Hy wurdt folge troch de hope fan it betsjoende bern, dat sels mei de wûnderbel de romte yn sweeft … As de bel nei syn triljende, wide flecht by einsluten utinoarspat, jout de sjippebelkeunstner op it balkon in skreau dy’t teloarstelling en freugde útdrukt. … Op it plak dêr’t de bol útinoarspat, bliuwt de út syn lichem kommen siel fan de belleblazer in momint allinne achter, as hie er him mei immen op ’en paad bejûn mar healwei syn partner ferlern. Mar de mankelikens duorret mar in sekonde, dan is de wille fan it boartsjen mei syn wisse, wrede ‘’foarút’ werom. Wat binne stikken rûne ferwachtings oars as likefolle oanliedingen om it wer te besykjen?’
Ik bliuw altyd stean te sjen as ik in inkelde kear bern sjoch dy’t oan it beltsjeblazen binne. It is net sa dat se de prachtich slagge grutte bollen allegear neisjogge. Ja, earst in pear kear, mar dan witte se wat der barre sil en litte se dy bellen nei in pear tellen al har gong gean, sadat se op ’en nij blaze kinne en dat giet dan hieltyd flugger oant sels it blazen harren net mear befrediget.
Sloterdijk syn boek it is in fertelling oer de skiednis fan de minskheid, de skiednis fan elk minske, de minskheid en it yndividu as ‘sfearebouwer’, it is literatuer en filosofy yn ien.
Bellen, globes, skom. Dy bellen, dat is prachtich, dy globes, dat is moai (al dy seereizen fan earder), mar dat is wat fan earder, romantyk, nostalgy, dat wie doe, dat is myte wurden, de belibbing fan no is dy fan it skom. Sloterdijk spint jin yn – ja, yn in nije bel dêr’t al dat skom yn sit, alles is romantyk, dat komt by jin op, it idee dat alles watst nei foaren bringst yn ’e grûn in paradoks yn hat – yn de wrâld fan no: ‘It morfologyske argetype fan de polysfearyske wrâld dy’t wy bewenje is net langer de bol mar it skom. It aktuele ierdeomfetsjende netwurk – mei al syn útbollingen yn it firtuele – betsjut yn struktureel opsicht net sa lyk in globalisearring as winliken in ferskomming … De measte wegen liede net nei Rome – dat is de situaasje dy’t wy Europeanen ûnder eagen sjen moatte. Tinke yn it skom is  navigearje op labile streamen – oaren soene sizze dat it ûnder de druk fan de aktuele problemen feroaret yn in plurale en transfersale yntellektuele praktyk.’
No gean ik even nei bûten om nei in krekt bloeiende akkelei te sjen, ek in bel, myn bel foar oer in pear tellen.
Juster wie ik even los fan mysels yn wer in oare bel, in gedicht, it gedicht ‘De bedobbe haven’ fan de Italiaan Guiseppe Ungaretti:

Dêr komt de dichter oan
en giet dan werom nei it ljocht mei syn lieten
en ferspriedt se

Fan dit gedicht
bliuwt my
dat neat
fan geheim sûnder ein

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *