Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 3

logo.ensafh

3. KARNAVAL

In donkere wein kaam oanriden en in lyts famke stapte út. Se krige in tas oanrikt en fleurich ferklaaid as clowntsje rûn se it skoalplein oer. Mar karnaval wie pas oare wike. It famke wie as iennichste sminkt en de hiele moarn moast se treasteleas gûle. Tsjin healwei fjouweren helle har mem har wer op. Dy skrok raar doe’t se it ferhaal hearde en wiidweidich en mei triennen yn ‘e eagen fertelde se wat dy moarn allegear ferkeard gien wie. Se hie miskien better swije kind. Dingen útlizze, dat kinne we allegear hiel goed.

(Foarpublikaasje 3 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *