Geart Tigchelaar

Doarpsfeest

logo.ensafh

‘Hee Sjouke, silsto moarntejûn ek nei de feesttinte?’
‘Eh nee, jong, wat moat ik dêr?’
‘No, wat docht men meast yn in feesttinte? Feeste, fansels!’
‘Mei al dy dronken boeren?! Nee, dat is net myn idee fan feestfieren.’
‘Och hea, fielt er ’m te goed, jong?’
‘Nee, ik haw dêr domwei gjin ferlet fan. En dan dy muzyk, net om oan te hearren.’
‘Eh juh, dêr giet it dochs ek net om, mar om ’e geselligens.’
‘Dy haw ik ek wol achter yn ’e tún. Mei in bierke en de fjoerkoer oan. Dat haw ik folle leaver as dat leven fan in feesttintemuzyk. No ja, muzyk,’ komt der noch binnenmûlsk út.
‘Sels witte, ik sil der al hinne. Ast dy al noch betinkst, sjoch ik dy dêr wol. Sil mei Ale en Michiel.’
‘Bêst, en as jimme al jim nocht hawwe fan dat folk dêre, dan sitte wy by ús achter hûs. Bier by de rûs.’
‘Jaja. Goeie!’
‘Heu!’

‘Wy treffe it wol mei dat skoandere waar, man!’
‘Absolút, noflik jûntsje sa.’
‘Sis dat wol.’ Wiebe wol ek wat sizze.
‘Of hiene jimme leaver nei de feesttinte gien?’ freget Sjouke.
‘Alhiel net!’ antwurdzje Marten en Wiebe yn koar.
‘Komme allinnich fan dy boeren en fan dy âlde nuten dy’t der einlings ris útkomme. Nee, mij niet gezien.’
‘No nee, ik tink, ik freegje mar efkes. Dat die Jetze justermiddei ek oan my.’
‘ Ja jong? Dy domme kloat!’ batst Marten derút.
‘Woe hy dy mei hawwe?’
‘Ja, oars frege er my net.’
‘Dan woe er slaan, tink?’
‘Hat er it net oer hân,’ seit Sjouke ûnnoazel.
‘Nee, fansels net!’
‘Wêrom soe er dy oars freegje? Hy mei dy ommers fan de Mavo ôf al net.’
‘Eh, fanwegen dat akkefytsje? Dat mei dochs gjin namme hawwe.’
‘By Jetze hat soks wol deeglik in namme! Dy ferjit soks net, dy mient dat er yn syn eare oantaasten is. Krekt in oaljefant, dy kinne jierren letter ek ynienen in jager oanfalle, dy’t syn mem ôfsketten hat.’
‘Hy hat ek fan dy grutte flapearen,’ gnysket Wiebe.
‘Wier, ik sis dy,’ giet Marten ûnfersteurber fierder. ‘Dan hie er dy geweken nimme wollen. Hy hat genôch oanhing hjir yn it doarp, dus do hiest gau yn ’e minderheid west.’
‘Wol my net oan. Dat geintsje, want mear wie it net, is al jierren lyn ommers, dan hie er my justermiddei ek wol op ’e hûd jaan kinnen. Om mar te swijen fan dat er it net al jierren lyn dwaan kinnen hie.’
‘Hy wachtet gewoan syn kâns ôf.’
‘Dat moatst him tajaan, geduld hat er.’
‘Sa is it,’ stimt Marten mei Wiebe yn.
‘Tsjong, sa haw ik dat hielendal net sjoen. Ik fûn it wol wat nuver dat er ynienen mei my prate en boppedat nei de feesttinte frege, mar dit hie ik der net achter socht.’
‘Nee, mar sa is it al.’
‘Wis!’
‘As jimme it sizze.’
‘Wy sizze it.’

‘Ik hie dy domme dweil fan in Sjouke ek noch frege om hjir te kommen.’
‘Wêrom?! Do meist him dochs net.’
‘Nee, dêrom krekt, net jong! Dan koe ik einlings en foar altyd mei dat mantsje ôfrekkenje.’
‘Mar hy komt dus net, kin ik begripe.’
‘Nee, hy hie gjin ferlet fan sa’n feesttinte.’
‘It liket my ek neat foar him.’
‘Allinnich mar boeren, hie er it oer…’
‘Dêrom bin’ wy der ek!’ ûnderbrekt Michiel him gnizend.
‘…en dy muzyk stie ’m net oan. Mei allegearre sa wêze, mar it nuvere wie dat dy sûch totaal net wantrouwich wie. Hy frege net wêrom’t no krekt ík him frege om hjir te kommen.’
‘Hy tinkt noait dat in oar kwea wol.’
‘Sa goed as bôle…’ goait Ale op.
‘Mar net te fretten,’ skopt Michiel der yn.
Jetze laket om syn maten. ‘Mar as wy hjir aanst ús nocht hawwe, sjogge wy efkes by Sjouke-en-dy thús, want dêr sitte se oan it bier te lurkjen. Dy âlde wiven, lekker thús by honk.’
‘Sei er dat?’
‘Ja, sa dom wie er wol om dat te sizzen. Sa’t ik sei, hy hie alhiel net myn eigentlike bedoelings yn ’e smizen.’
‘Mei wa sit er dêr?’
‘Dat hat er dan wer net sein.’
‘Mar dat sjogge wy dan aanst wol,’ is Ale fan miening.

‘Omkoal!’
‘Do hast dochs net sein dat wy hjir sitte?!’
‘…’
‘Oft ik gelyk haw, dan komme se hjir aanst wol.’
‘Dan is it te hoopjen dat se al goed yn ’e oalje binne, oars wurdt it noch wat.’
‘En is it te hoopjen dat er allinnich mei Ale en Michiel komt en net mei noch mear. Oars binne wy it bokje.’
‘Wit er dat dyn âlden fuort binne?’
‘Uh, fêst wol, want dat binne se alle jierren om distiid. Dat is wol bekend yn ’e buorren.’
‘Dan moat ik earst noch mar in pilske fan dy hawwe, kin ik my moed yndrinke. Want wat ik dy brom, dy mannen sjogge wy aanst it hiem oprinnen.’

‘Wêr stiet dy rotfyts fan my!’
‘Eh Michiel, lit gewurde, wy rinne wol. Ik wit ek net wêr’t myntes stiet, mar dy fine wy moarnier wol. Ik bedoel fan ’e moarn,’ haspelet Ale der yn om.
‘Kom mei, foar’t dy suertsjes al op ’e koai binne,’ trunet Jetze harren oan dy’t mei de fyts oan ’e hân stiet te wachtsjen.
‘O, do hast ’m al,’ seit Michiel oerstallich.

‘Hearst se al oankommen, tink?’ seit Sjouke.
‘Dat kin net misse.’
‘Dy moatte it al aardich fernimme, sa balte se.’
‘Dat is fansels ek in stikje spanning dat se beraze wolle.’
‘No, dan kin ik ek wol begjinne te balten,’ seit Wiebe earlik.
‘Eh juh, wy steane dy mantsjes wol. Dy binne dochs sa dronken as lazarus.’
‘No, ik mei ek net mear autoride.’
‘Nee, do hast it rydbewiis ek noch net,’ besiket Sjouke de spanning fuort te laitsjen.
‘No silst einlings boetsje foar dyn stomme grapke!’ raast Jetze as wie er iepenbier oanklager dy’t syn emoasjes net yn betwang hat.
‘Wêr hast it oer?!’ besiket Sjouke as ôfwar, tsjin better witten yn.
‘Dat witst om ’e deale wol, bûke!’
‘Dy smoarge rotstreek silst no betelje!’ wol ek Michiel him witte litte.
‘Hat Jetze dêr no in stange of sokssawat beet,’ flústeret Marten.
‘Ja, ferduld!’ flokt Wiebe.
‘Eh jong, stel dy net oan en gean nei hûs en sliep dyn dronken roes út!’ besiket Sjouke op in oare toer, mar wer tsjin better witten yn.
‘Ik sil dy dyn dronken roes derút huffe!’ spat Ale ynienen op.
‘De adrenaline jaget harren troch de bealich, man! Dit komt op ’e kop ferkeard,’ en Wiebe makket risselwaasje om fan ruten te spyljen.
‘Hjir bliuwe, blinder. Wy steane harren wol, wy sille no einlings mei harren ôfweve.’
Wiebe klokt gau syn bierke achteroer en slacht rimpen de boaiem derút op ’e râne fan de tafel, sa’t er dat sa faak yn films sjoen hat. Hy prakkisearret net mear oan útnaaien.
‘Sil ’k dy iepensnije, bûke!’ raast Wiebe moediger as er is.
‘Ik stek net, ik snij!’ seit Marten wylst er syn Herder iepenknipt.
‘Bliksem, sa sille wy net,’ wol Sjouke syn maten delbêdzje. ‘It moat hjir ferdikke gjin bloedbad wurde.’
‘Jammer dan,’ seit Wiebe ûnferskillich.
‘Dus jimme âlde weaken wolle no ynienen wol op ’e fûst!’
‘Bêst genôch, dan hawwe wy ek noch wat lol!’
‘Net sa lulle, mar hjir komme, ferrekte baarch. Sil ’k dy slachtsje!’ âlet Marten.

‘Heu, hoe is ’t dermei? Hast noch in soad lêst?’
‘It wurdt al better, mar myn bil stekt noch behoarlik.’
‘Se hawwe dy ek aardich snien. Krijst dan gjin pijnstillers?’
‘Dy hoech ik net, dêr wurd ik sa duf fan en de pine is yn alle gefallen wol draachlik.’
‘Sels witte. Sjoch, wy hawwe wat foar dy. Wy hiene fernommen datst hjir tv mei dvd-spiler hast.’
‘De fjirde Rambo, fet mannen! Tanke wol!’
‘Kinst miskien noch wat fjochterskeunsten leare,’ seit Ale synysk.
‘Ik haw der gjin tel spyt fan, wy hawwe se in moai leske leard,’ byt Jetze fan him ôf.
‘No, ik haw der wol spyt fan en Sjouke noch it meast, tocht ik.’
‘Ferdomd, wat binne jim ek in stel mytsjes en Sjouke hie earder neitinke moatten.’
‘Man, dat is jierren lyn en it wie ommers mar in grapke! Stel dy dochs net oan. Do hast ’m ferduld mei dy smoarge fytspomp ynvalide slein! Weaget dat op tsjin sa’n ûnskuldich geintsje? Der hawwe dochs wol mear west dy’t ris wat sein hawwe fan dyn flapearen?’
‘Net dat sels de learaar biology der om gnize moast! Ik lit net mei my solle!’
‘Ast in bytsje keardel bist, dan biedst dyn ekskuzes oan.’ Foar it earst dat Michiel wat seit.
‘Ik bin just in keardel omdat ik it net doch!’
‘Wy komme krekt by him wei,’ giet Ale fierder. ‘Wy hawwe ál ús ekskuzes oanbean. Hy naam it ús net kwea ôf, it wie de drank dy’t ús opstokele hie. Man, syn eagen fol fertriet en fersleinens. En hy miende it ferdoary ek noch wat er sei. Ik hie leaver dat er ús de bealich fol skeld hie. Ik koe ’m net langer yn dy eagen sjen en bin mei de sturt tusken de poaten fuortrûn.’
‘Dy eagen bliuwe my by, net syn stikkene lea en it bêd dêr’t er yn leit. God, dy eagen.’
‘Dy eagen slaan ik der ek noch wol út,’ mar it klinkt as in leas drigemint om’t er syn maten sa delslein sjocht.
‘Smoar do der mar fijn yn, wy binne dy mear as sêd! Hear dysels, fint! Skamje dy!’
‘Wachtsje, ik miende it sa net! Wachtsje!’ Mar it is omdôch, hy raast tsjin twa omkearde en fluch fuortrinnende rêgen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *