Hedwig Terpstra

Petear mei Sigrid Kingma

logo.ensafh

‘Gelok fynst net troch it finen fan in klaverfjouwer, gelok fynst troch de tiid te nimmen om in klaverfjouwer te sykjen.’

Sigrid Kingma (1989) is dwaande mei in boek en in dichtbondel. Se studearret Nederlânsk yn Grins dêr’t se ek wennet. Oarspronklik komt se fan Drachten. Se is foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu en redaksjelid fan it Skanoskrift. Yn dat tydskrift skriuwt se in rubryk en wurde geregeld gedichten en ferhalen fan har publisearre. Op 2 july oansteande organisearret se foar de twadde kear tegearre mei har suske it metalfestival ‘Fuckpop’ yn Boelensloane.

Hoe giet it mei dyn stúdzje en hoe giet it mei de stúdzje Frysk yn it algemien?
Sigrid: ‘It is drok op ’t heden mar it giet goed, ik lis aardich op skema. Ik ha krekt de konseptferzje fan myn bachelorskripsje oer de poëzij fan Diet Huber ynlevere. As alles goed giet dan helje ik fan ’t simmer myn bachelor Nederlânsk. Ik sil de edukative master folgje, sadat ik ek as dosint oan it wurk kin. It leafst soe ik fan it skriuwen libje wolle, mar dat is wat in ûnwisse wrâld. It wie wol moai dat ik foar myn skripsje ek Fryske literatuer ûndersykje mocht. Dêr ha ik wat mear mei as Nederlânske literatuer en dat leit wat tichterby. Ik doch yn myn frije romte ek kolleezjes by Frysk en dat fyn ik suver noch moaier as myn haadstúdzje. Sa komt it ek wolris dat ik wat ekstra fakken doch, wat no ek wer it gefal is. Benammen no moat ik derby wêze want de hiele stúdzje giet op ’e kop. Takomme jier wurdt der in soad besunige op ’e talestúdzjes. Der is praat fan dat der in brede bachelor komt dêr’t de Europeeske talen yn kombinearre wurde, dy’t tagong jout ta ien master en dat der bygelyks ien fak literatuer komt foar alle talen. It wurdt allegear ynterdissiplinêr en ynternasjonaal. Ik begryp net hielendal hoe’t se dat dwaan wolle, want it giet om in grut ferskaat oan talen. By de ôfdieling Frysk rint der in oar plan, mar yn feite komt it op itselde del, nammentlik mear in kombinaasje mei sosjolinguistyk, dus ynterdissiplinêr en oandacht foar minderheidstalen yn Europa. Hoe’t dat der konkreet út komt te sjen, is noch net útiten. Mei it fak taalkunde soe it wol kinne, want kinst wol oerienkomsten en ferskillen besprekke tusken de ferskate talen, mar mei literatuer rinst al tsjin problemen oan. Kinst studinten gjin Katalaanske poëzij foarlizze. Ik fyn it spitich dat der sa kapt wurdt yn de stúdzje, mar se moatte wat betinke om mear studinten te lûken. Fan ’t jier is der ien haadfakstudint bykommen, dat hâldt dus net oer. Takomme jier sil ek it lêste jier wêze dat it fak Aldfrysk jûn wurdt. Dosint Oebele Vries giet mei pensjoen en it fak wurdt ek daalks fuortbesunige. Dat kin ik takomme jier krekt noch efkes folgje. Los fan alle besunigings ha ik wol it gefoel dat it goed giet mei it gebrûk fan it Frysk en de Fryske literatuer. Op sosjale netwurken wurdt aardich wat Frysk brûkt en der komme op ’t heden aardich wat nije boeken út. Willem Schoorstra is suver al in bekende Fries, dat wol wat sizze oer de lêskultuer.’

Hoe foldocht it yn Grins?
‘Ik wenje sûnt in jier yn Grins en dat foldocht my goed. It grutste foardiel is dat ik oeral tichtby sit. No’t ik yn it bestjoer sit fan Skanomodu is it hielendal praktysk. Ik wenje yn in âld pakhûs krekt bûten de binnenstêd. Boppe my sitte twa studinteferienings: Vindicat en Albertus Magnus, mar ik ha gjin lêst fan harren ‘hûsjûnen’ want ik sliep hiel goed. Doe’t myn suske ris by my sliepte, hat se lykwols gjin each tichtdien. It is in hûs dêr’t wol libbe wurde mei en dat wurket fansels fan twa kanten. Ik spylje elektryske gitaar en dy mei ek wol lûd, dat fine se wol moai. It is in echt studintehûs, mar it is gelokkich net smoarch. De stúdzjeferiening Frysk is in moai lyts groepke minsken. Mei alumni en stipers derby binne der 65 leden. Der sitte ek in oantal skriuwtalinten by en dêrom organisearje wy sa no en dan ek skriuwwedstriden. Mei de feriening sykje we ek geregeldwei Dútslân op, bygelyks nei Aurich en nei Kiel, dêr’t ek studinten Frysk sitte. Wy sille meikoarten nei Wilhelmshaven. Dêr binne ek noch spoaren te finen fan de oanwêzigens fan Friezen yn earder tiden. Eins binne de útstapkes altyd wol edukatyf ferantwurde. Studinten Frysk meie dochs graach wat nuttichs dwaan. Dêryn ferskille wy mei de studinteferiening Bernlef, hoewol’t wy wol kontakt ha mei dat bestjoer. Der lizze plannen om yn septimber yn gearwurking mei Bernlef in kongres te organisearjen oer de stúdzje Frysk, mar ik wol net op de saken foarútrinne.’

Do bist op it momint dwaande mei in boek. Do hast op dyn 18e de sykte leukemy krigen. Do wiest doe krekt begûn mei dyn stúdzje. Dyn boek giet oer de sykte. Hoe giet it no mei dy?
‘It giet goed mei my. Ik bin no hielendal fan de medisinen ôf. Ik ha yn 2007 in heal jier yn it sikehûs lein en ha trije gemokueren hân. Eins ha ik de hiele tiid witen dat ik better wurde soe, ek al hie ik mar 25% kâns op genêzing. Ik ha wol hiel benaud west foar ynfeksjes. De hannen en foaral it gebit waarden oantaaste troch de kueren. Ik ha ek ferskate komplikaasjes hân, lykas in bline termûntstekking. Ik koe op in bepaald momint kieze foar in transplantaasje. Rixt, myn suske, hat dêrby donor west. Sy is trije jier jonger as ik en se wie dus krekt âld genôch om stamsellen te jaan. Mei har stamsellen ha ik ek har bloedgroep krigen, dus eins bin ik no foar in part myn suske. Earst rekken har wite bloedsellen yn gefjocht mei myn organen, benammen mei de lever. Nei oardel jier prednison hat it gefjocht him wat deljûn. Yn dy tiid moast ik rêstich oan dwaan en oeral nee tsjin sizze. Ik tink soms dat myn sykte myn rêding west hat. It hat my op in bepaalde manier rêst jûn en ik libje no bewuster. At ik net siik wurden wie, wie ik seker ynstoarten, want ik naam altyd te folle hea op ’e foarke. Ik lústerje no ek folle better nei myn lichem, ik wyt no wannear’t ik it rêstich oan dwaan moat. En ik let no goed op wat ik yt. Ik kin bygelyks noch hieltyd gjin rauwe griente ite omdat ik oars problemen krij mei myn terms. Earder wie ik dêr net sa mei dwaande. Ik ha wol fernommen dat it foar oaren folle dreger wie om dermei om te gean. Dat is ek wêr’t ik oer skriuwe wol. It boek giet oer de sykte, oer de medyske kant dêrfan en hoe’t ik en oaren dêrmei omgongen. It is eins in deiboek fan in healjier en dêrnjonken rint in ferhaal fan in jier. Sadwaande rint de tiid net gelyk en dat makket it sa dreech om it lêste stik te skriuwen.’

Do bist ek dwaande mei in dichtbondel. By dyn gedichten skriuwsto ynliedings. Wêrom dochst dat?
‘Ik skriuw ynliedings om foar te kommen dat in gedicht los komt te stean fan de makker en in eigen libben lieden giet. Net om it gedicht út te lizzen, mar om in kontekst om it fers hinne te skeppen. By it gedicht ‘Gjin bôle foar de eintsjes’ ha ik bygelyks in ynlieding skreaun oer de romantyk en oer Gysbert Japicx. Om’t it foar it Skanoskrift is, wol ik ek altyd wat fan de stúdzje deryn ferwurkje en faak helje ik ek ynspiraasje út de kolleezjes. Ik bin ek wol in dreamer en kin my in hiel skoft deljaan yn in greide. Ik tink dan wolris: gelok fynst net troch it finen fan in klaverfjouwer, gelok fynst troch de tiid te nimmen om in klaverfjouwer te sykjen. En wannear’t ik dat doch, komt der fan alles boppe. By it skriuwen fan in gedicht begjin ik faak oan ’e ein, dus mei de konklúzje en ik skriuw faak fan ûnder nei boppe. Mei it gedicht ‘Runimintêr’ begûn it bygelyks mei Keltysk knopewurk. Ik fûn dy alliteraasje sa moai en dêr ha ik it gedicht omhinne boud. Ik bin no dwaande myn gedichten klear te meitsjen foar in bondel en ik wol se ek sels yllustrearje. It gedicht ‘Runimintêr’ sit no in foto by, mar dy moat noch ferfongen wurde troch in yllustraasje.’

Runimintêr

Dêr’t de bern
fan ’e bakker
fan ’e streek
rôpen
by ús ôfreis

Dêr is ús hûs
ús rêstich plak
ús fertroud plak
ús aventoer begjint

Dêr’t de tûken
fan ’e beammen
fan ’e bosk
rikten
ta de wite wolken

Dêr is ús wrâld
in moai byld
in wier byld
in echo fan ús dream

Dêr’t de toppen
fan ’e weagen
fan ’e see
einigen
yn Keltysk knopewurk

Dêr binne wy bedarre
wat moai
wat bysûnder
wat wol ik hjir graach wei

Yn de side fan Skanomodu stiet in koart ferhaal fan dy: ‘Julfeest fol fjoer’. Wat kinst dêroer fertelle?
Sigrid: ‘Dat ferhaal ha ik skreaun mei Chris Lutgendorff. It spilet mei de kryst yn it tredde jier fan Kening Redbad. Fryslân is dan noch foar in grut part heidensk. Chris wyt in soad fan skiednis en mytology, hy wie fan de histoaryske eleminten. Yn it ferhaal wurde krystbeammen ferbaarnd om de kweade geasten te ferjeien, mar se wurde troch omstannichheden te let oanstutsen en dêrtroch giet it mis. It ferhaal wie in eksperimint, it is skreaun yn Aldgermaansk stêfrym. It is opboud út hieltyd twa healrigels mei elk fjouwer kear in beklamme wurdlid. Yn de earste healrigel falt de alliteraasje twa kear, en yn de twadde healrigel ien kear. We ha fan ’t winter mei dit ferhaal meidien oan in wedstryd fan Skanomodu, mar net wûn. Neffens de sjuery wie it ferhaal net foar elkenien like tagonklik.’

Bist in spiritueel minske?
‘Nee dat tink ik net. Ik wit wol dat geasten besteane en dat der mear tusken himel en ierde is, mar dêr hâld ik my wat fan ôf. Ik kin ek dingen oanfiele, mar bin dêr eins wat huverich foar en wol dêr ek net te folle mei dwaande wêze. It kin hiel moai wêze, krekt as doe’t ik siik wie, dat ik wist dat ik better wurde soe, mar dat hat fansels ek in oare kant. Ik wol net witte wa’t wannear ferstjert. Ik wol dingen graach beredenearje en útrekkenje kinne en besjoch it leaver út de eksakte kant wei. Astronomy ha ik ek wol wat mei. Dêrom ha ik ferline jier in byfak folge by stjerrekunde. Dat is hiel nijsgjirich allegear. Dat ik by de stúdzje Nederlânsk kommen bin is wat dat oanbelanget ek wat apart. Ik bin eins in bêta, ik ha op de middelbere skoalle foar natuer en technyk keazen. Op in bepaald moment betocht ik dat ik leaver skriuwe wol oer eksakte wittenskip en dat ik dan better it skriuwen leare kin as de eksakte wittenskip sels.’

Wat dochst njonken de stúdzje en it skriuwen?
‘Ik meitsje skilderijen. Skilderje is yn prinsipe net sa oars as dichtsje, beide kearen kinst ympresjes kwyt. En ik spylje gitaar en sa no en dan krij ik it wer yn de holle om in bandsje te begjinnen. Op de middelbere skoalle bin ik begûn mei it skriuwen fan ferskes en teksten, sawol Frysk as Ingelsk. Myn earste band wie in famkesband mei de hynderrydgroep fan de sneontemiddei. We wienen hiel fanatyk, we oefenen alle wiken, mar wy koenen der neat fan. Ik bin eins begûn mei it spyljen fan countrymuzyk. Myn omke en tante ha in westernmaneezje yn Boelensloane en dêr hearst net oars as country. Ik ha it spyljen fan myn tantes leard. Tsjintwurdich spylje ik fan alles wat, wat Bon Jovi, wat CCR, Eric Clapton, Ilse Delange en myn eigen materiaal. Ferline jier ha we op ús eigen festival spile: Fuckpop. Rixt hat dy namme betocht. Se makke mei in freondinne in stripferhaal oer in optochte band dy’t op it fiktive festival Fuckpop spile. Op in bepaald momint ha wy betocht dat it net in raar idee wêze soe om fan Fuckpop in echt festival te meitsjen. Twa jier ferlyn ha we it festival foar it earst holden. It is in metalfestival wurden en de line-up bestie doe meast út Fryske bands. Fan ’t jier op 2 july is it festival wer, ek wer yn Boelensloane. Diskear smite wy it mear op de folkmetal, mei Baldrs Draumar as haadact. Mear ynformaasje oer it festival stiet op http://fuckpop.hyves.nl. Froeks TV hat twa jier ferlyn in promoasjefilmke en in reportaazje makke oer it festival, dêr ha wy in soad wille mei hân. Dy filmkes stean hjir:

http://www.froeks.tv/2009-08-07/kom-nei-fuckpop en
http://www.froeks.tv/2009-08-11/anne-jan-op-fuckpop.

Ferline jier hienen we it festival graach yn de Blokhúspoarte hâlde wollen, mar dat is oergien omdat doe krekt de fergunning dêr ynlutsen wie foar it hâlden fan bûtenkonserten. It is net oeral like maklik om bûtendoar muzyk te meitsjen. Fan ’t jier sil it yn alle gefallen wol trochgean.

Yn de frijetiid dy’t ik oerha, doch ik graach spultsjes. Ik bin gek op boerdspultsjes en ik ha sels ek in boerdspul makke mei de sân Fryske seelannen. Ik ha wiken dwaande west mei it netsjes ynkleurjen fan de lannen. It liket wol wat op Risk. Ik ha sels in histoaryske kaart makke fan de seelannen. It giet om de gebieten West-Fryslân, Westergo, Oostergo, de Ommelannen, Drinte, East-Fryslân Noard en East-Fryslân Súd. Oebele Vries hat my holpen troch de histoaryske plakken oan te jaan. Kinst yn dy gebieten stêden en havens bouwe en it is de bedoeling om de hearskippij oer bepaalde Fryske seelannen te krijen. Dêrby kinne ferskate rollen oannaam wurde, lykas de Hertoch fan Saksen of de Graaf fan Hollân. It kin mei trije of fjouwer minsken spile wurde. Op myn jierdei ha ik it lansearre en it sloech goed oan. Ik ha foar it gemak net te folle regels brûkt, dan kin der fluch spile wurde. Ik wol mei it spultsje nei de beurs yn Utrecht en it dêr sjen litte. At se der wat yn sjogge kin it spultsje miskien echt op ’e merk brocht wurde.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *