
Ik hie it bist al in moai skoft op ’e kuer, ik wist sa stadichoan wêr’t er de loop hie en it plak dêr’t er meastal hinne gie te drinken. Wiken hie ’k op dizze âldfader rûn en him hoeden observearre. Ik koe him hast like goed as myn wiif Joukje en dat sei wat. En no sa…
Fan ’e moarn soe ’t heve. De dage wie amper oan ’e loft doe’t ik hoeden fan ’t bêd skode. Gjin drokte, Joukje hoegde it net te fernimmen. Hja soe wer gâns beswieren op it aljemint bringe, dat it foar in man op jierren en benammen foar de rimmetyk in min ding wie om foar dei en dage yn it fjild om te spanen, dat men dêr ek noch oare krupsjes opdwaan koe en it slimste fan alles: de kâns dat der wer plysjes oan ’e doar komme soenen. Nee, dit wie in spultsje fan wat stiller wat better.
Ienkear bûtendoar, snúfde ik mei nocht de moarnslucht yn. It wie ien fan dy rêstige dagen dy’t yn ’e neisimmer wol faker foarkomme, dagen dat it liket as hâldt de natuer de siken yn en leit der in mismoedich flues oer it gea, weemoed om in simmer dy’t fergien is en net wer komt…
Mei it gewear ûnder de jas skarrele ik oer binnenpaden en efter beamwâlen lâns om myn doel te berikken. Ik koe it skema fan de boskwachter hast út ’e holle en wist dat er hjir hjoed de loop net hie, mar it wie dochs mar better dat der net te folle eagen oer gean soenen.
Ik hie sawat útfigelearre wêr’t it hart om dizze tiid hinne weikomme moast, ik hâlde rekken mei de wynrjochting en sette my yn postuer.
Ynearsten liet ús maat noch op him wachtsje en plat op ’t liif efter in beam en fansiden tusken it strewelleguod hâlde ik de wacht. Oan ’e easterkime ferskynde in wetterich sintsje dat stadichoan de skimer yn ’e bosk opromme. Mei niget seach ik om my hinne, de sêfte kleuren oan beammen en strûken, de natuer dy’t stadichoan yn ’t neigean wie en him allinken klearmakke foar de hjerst en de winter. Ik hâlde fan dizze tiid fan ’t jier, al waard ik dêr bytiden wol wat mankelyk fan.
Sa ferfoel ik yn prakkesaasjes en kaam it ûnferhoeds ferskinen fan it hart my dochs noch oer it mad. Ik rjochte it gewear en hâlde de siken yn, dit wie it moment! Doe kaam ’t my yn ’t sin dat ik de feilichheidspal noch net oerhelle hie…
Fan dy skerpe klik, by it omheljen fan ’e pal, krige ik de knoei wei. It hart skuorde de kop rimpen omheech, snúfde in kear as wat en spatte fuort, út it sicht. Ik flokte yn mysels, in gouden kâns ferskiten. Ik hie in stomme flater makke, in flater dy’t men miskien fan in begjinner ferwachtsje kin, mar net fan in man dy’t al jierren yn it fjild omslacht en dy’t de keunst fan it jeien mei de brijleppel ynjûn is.
Ik liet de loop sakje, skroefde de dimper der ôf en sette it gewear op feilich. Doe joech ik my in amerij del mei de rêch tsjin ’e mânske ikebeam, draaide mysels in swier sjekje, helle it platlúske út de binnenbûse en naam in slok kleare…
Fernuvere skuorde ik de eagen iepen, wie ik hjir ferduld ek noch yn ’e sliep fallen. Ik hie oars net in ûnaardige dream, ik hie krekt in grouwe hazze sketten en mei it bist by de efterpoaten rûn ik troch de Aeltsjemuoistege. Bearends Hiltsje stie yn ’e doar en seach it oan: ‘Wat hawwe jo dêr in prachtich moaie hazze sketten.’
Ik antwurde it minske dat se jûn wol eefkes mei in pantsje delkomme mocht, der siet foar har ek wol wat oan.
Dit moast wol in dream fan earder tiden wêze. Want lêstendeis makke ik deselde loop, stie dêr sa’n optakele kakmadam út Hollân, seach nei myn hazze en begûn fuortdaliks te balten: moordenaar! It wie dat it in frommes wie, oars hie ’k har op ’e snút slein.
Ik rekte my út en seach op ’t horloazje, in misse loop, mar op hûs oan. Sa’t ik ûnderweis wie seach ik it wite dak fan kafee ‘Jagdlust’ tusken de beammen skimerjen. Oars moast ik earst noch mar ien keapje.