
Boeken
Us hiele hûs stiet fol mei boeken. Sa no en dan brekt it swit my út. ‘Komt de souder net del, kin de flier yn Willems keamer it wol hâlde?’ Oant no ta wol, en ik moat sizze dat Willem der in protte oan docht om dizze út de hân rinnende hobby yn de klauwen te hâlden.
Geregeldwei sjout er mei in protsje boeken nei souder, like faak komt er mei in protsje boeken werom. Dy moatte dan nei de Kringloop of Tresoar. Willem sa grutsk as wat: hy rommet op!
Ik wit better. Want dan is der wer in boekemerk yn it FEC en giet Steven Sterk der noch eefkes oerhinne mei de oankondiging dat hy gjin ien, mar twa miljoen boeken hat. Der moatte wy dan eefkes hinne. In ferlerne saak dus. It komt der op del dat wat Willem der yn protsjes út sjout der mei kroaden wer yn komt.
Slim fyn ik it earlyk sein net. Willem hat it der drok mei, ik fermeitsje my der goed mei.
It iennichste dêr’t ik noch al ris oer neitink, is wat wy ús soan oandogge. As wy der net mear binne moat hy net allinne sjen dat er it hûs kwytrekket, mar foaral soargje dat hy net foar in pear sinten de hiele brut oan in opkeaper jout. Sa no en dan warskôgje ik him: ‘Tink der om, tusken alle brut stiet fan alles dat wearde hat.’
It sil him in soarch wêze: ‘Set dat dan mar op ien planke byinoar, dan fyn ik it wol. En fierder wol ik it der net oer hawwe. Jimme rêde jim der mar mei.’
Anneke van Renssen
Boeke-baas-baas-boeken
Al wiken steane der lâns de rûnwei Ljouwert A-0 buorden dy’t in boekefestyn belove. 4 dagen lang! in miljoen boeken. No dy reitsje se yn Ljouwert net kwyt. Ik soe hinne, mar de freeds moasten wy oars fuort, sneon reinde it de moarns en de middeis hie ik út de advertinsje de yndruk krigen dat it om goedkeape romantyske romans gie. En dan yn al dy drokte. Moarn soe it noch kinne, mar wy hawwe besletten om dan nei de Gerdyk, nei Steven Sterk te gean, dy biedt mear kar-út, 2 miljoen boeken.
No dy hoech ik net allegear. As ik sjoch wat ik hjir al yn ’e hûs haw.
Gelokkich hat in antikwariaat juster in pear doaskes boeken meinaam, it wurdt der noch net echt folle rommer fan, mar hawar ik doch myn bêst en der komt net in boekeplankje mear by!
Nettsjinsteande stoarm en rein geane wy nei de Gerdyk. It is drok, mar der binne foar elk genôch boeken.
Ik fyn in boekje oer Adolf Wölfli [1864-1930], in Switser, dy’t fanwege syn barre jeugd gek waard en yn in psychiatryske ynrjochting terjochte kaam, dêr’t er him ûntjoech as keunstner. Hy wie altyd dwaande, der binne 45 dielen, totaal 25.000 siden oan proaza en poëzy, muzykstikken en mear as 1500 kollaazjes. Fan it tal skilderijen/tekeningen wurdt gjin opjefte dien. Syn wurk sjocht der spektakulêr út, mar oft it no moai is?
Wat my befalt binne syn klankgedichten, ferwurke yn tekeningen.
In fûgeltsje sjongt by him sa:
Blaui Tubak, Pfiffa-Voo;l-Zottel-Chappa.
As er in soad wetter beskriuwe moat: ‘Nach westlicher Richtung hin nichts als Wasser, wieder Wasser, aber Wasser, nochmals Wasser und, zuletst noch Wasser.’
Wy stiene noch even te sjen, boeken! Mar 2 miljoen…? Op ’e tafels lizze se yn alle gefallen net.
En dan dy pakken op de stellingen.
Steane der 10 stellingen, fjouwer planken boppe inoar en acht parten yn ‘e djipte, elke stelling is eins dûbeld.
Hoe te rekkenjen: 4 x 8 x 10 = 320 x 2 = 640 x de ynhâld fan sa’n grut pakket; 1000? boeken?
1000 x 640 = 640.000
Om 1 miljoen te heljen soene der sa’n 1600 yn in pak sitte moatte; by 2 miljoen 3200 eks.
Neffens Anneke sitte der net safolle yn in pak.
Anneke rekkenet en rekkenet, dy sit aanst de hiele nacht te boeketellen.
Hoe sit it yninoar? Wat dogge wy ferkeard? Of… steane der gjin 2 miljoen boeken yn dy hal?
We maile dizze fraach nei Steven Sterk
[antwurd hawwe wy noch net]
Willem Winters