
‘Im wunderschönen Monat Mai,
Als alle Knospen sprangen,
Da ist in meinem Herzen
Die Liebe aufgegangen.’
It is sûnder mis de hege sjongstim fan de Dútske tenoar Fritz Wûnderlich dy’t ta it iepen kokensrút út komt. Ik stean by S. foar de doar mar druk de skille noch net yn. Poëzije fan Heine op begelieding fan Schumann; de wurden ûntsnappe, driuwe op ferwaaide pianoklanken nei bûten. Altyd docht it my oan ivigens tinken, dy ile sjongstim fan ’e Dútske tenoar. Sa’n earste kûplet ek, suver fergonklike skientme, brekber as wie it syn lêste foarjier, in lêste leafde. Ik sjoch om my hinne nei de knipte ligusterhage, it koart meande gers, de oerhingjende klimop. Oeral op ’e oprydleane lizze heapkes blijreade bledsjes fan ’e Japanske prunus, as hie der krekt in brulloft west, as hienen der breidsfamkes serpentines útstruid. S. wennet hjir al jierren yn dizze lusthôf. Ik snúf de swietrook fan ’e prunus yn wylst Wûnderlich syn twadde kûplet ynset.
‘Im wunderschönen Monat Mai,
Als alle Vögel sangen,
Da hab’ ich ihr gestanden
Mein Sehnen und Verlangen.’
Ah, no sjoch ik S. al yn ’e moarmere gong oankommen.
Hy docht de doar iepen. En seit wat efter in wyt mûlekapke wei. Hy docht it ding wat nei ûnderen.
‘Dêr wienen jo al, Hylkema!’
‘Jawis, ik stean al eefkes foar de doar te harkjen nei Schumann’s Dichterliebe… prachtige útfiering fan Wûnderlich…mar wrom hawwe jo in mûlekapke foar?’
S. docht it mûlekapke no wat mear nei ûnderen.
‘Witte jo it dan noch net?’
‘Wat net?’
‘Pest… hjoed útbrutsen yn Boalsert!’
‘O… mar ik miende dat wy in petear hienen foar ensafh hjoed!’
‘Dat is ek sa… mar ik bliuw dochs mar yn ’e doariepening stean leau ’k… it kin wêze dat ik al besmet bin… of dat jo besmet binne.’
‘Ik fiel my net siik leau ’k.’
‘Wêrom stiet jo dan it swit op ’e foarholle?’
Ik helje de bûsdoek oer de foarholle. It ding is samar trochweakke. Ik moat o sa trienje en ik krij ynienen in hiele waarme holle.
‘Sil ik ek eefkes in mûlekapke foar jo krije?’ freget S. nuodlik.
Underwilens fiel ik my nòch beroerder wurden. It sjongen fan Wûnderlich nimt stadichoan de bedwelmjende toan fan in tsjoender oan.
’Aus meinen Tränen spriessen
Viel blühende Blumen hervor.
Und meine Seufzer werden
Ein Nachtigallenchor.’