Wa wint de GJ-Priis 2009? (1)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis 2009.

Jouke Hylkema – Beabuorster monologen

beabuorster-monologen

Yn myn eksimplaar stiet foaryn ek in skreaune tekst fan de dichter sels:

(…)
Sjoch hjir in lytse idylle
Oer it jonkje dat ik wie
(…)

By útjouwerij Venus is dizze bondel yn 2006 ferskynd en hy docht no mei oan de heechste kontest fan literêr Fryslân: de Gysbert Japiks-Priis 2009 foar poëzy. Janneke Spoelstra hat loovjend skreaun (Hjir nû. 6 2006) oer dit dichtwurk: ‘Foaral sterk fyn ik dat de bondel as geheel mei in hele oare emoasje ôfslút as dêr’t er mei begjint. Oan it begjin is it fanselssprekkend dat de jonge oer de flier komt, oan ’e ein is it in ‘grut wûnder’ dat er der noch is.’
En wier, it is wat aparts. It sil dy bybliuwe ast dit boekje lêst. Willekeurich slaan ik side 33 op as nûmer 5 fan it skift Sykje en fine en fyn it folgjende fers:

Ik sit altyd mei de rêch nei de tiid ta
En dochs kin ik him hearre!
It slingeret mar hinne en wer dy tiid
Ik kin de krante der by lêze no Hyke?
Wy kinne tiid net pakke
De flesse wol

Sjochst dy gewichten wol?
Dy binne fan goud
Dat wolst net leauwe hin?
Wy moatte dy dingen twa kear deis oanlûke
Oars rint er net

Meist wol eefkes fiele
Der net oan lûke hear!
Oars komt de tiid omdel!
Komst nea wer op tiid thús

It binne de ûntwapenjende, absurdistyske en fermaaklike monologen fan Wyberen dy’t Hyke om befêstiging freget en it jonkje wat op ’e mouwe spjeldet yn in bypassend parlando. It knappe sit him der ek yn dat wat it jonkje seit of freget allinne mar ûndersteld wurdt. Ek giet it nearne te lang op troch. It makket net út hoe ’t dit boekje lêzen wurdt, want op elke side stiet wol wer in treflik nayf skilderij. Dit tige slagge wurkstik fan Jouke Hylkema soe him ek liene foar in oerke teater foar ien hear. It soe my net nij dwaan as de sjuery dit juwieltsje heech oanslacht.

jqsmînk

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *