Cornelis van der Wal

Brún Bloed (01)

logo.ensafh

Haadstik Ien: Bloed en in Brief

Waarm bloed fan in stjerrende ko dripte feedokter Rinzema fan ‘e fingers. It kealtsje lei blau en sêft triljend op it strie, noch in djippe, heaze sucht en doe wie it ek foar dit nije libben oer.
Boer Tolsma stie der alhiel ferslein by, hy koe gjin wurd útbringe. Rinzema kloppe him op it skouder en besocht de man út te lizzen dat der neat oan te ferhelpen west hie, it keal hie alhiel dwers sitten, en eins hie neffens him de ko ek te âld west om noch te kealjen. Tolsma bleau stokstiif stean en reagearre net. De tearen yn it ferware, brune antlit lutsen djippe spoaren en de eagen waarden him wiet.

Nei’t er him yn de koken wosken en ferstrûpt hie stapte Rinzema it hiem op en starte syn auto, in grize Ford Taunus. Stadich ried er, genietsjend fan it himmele maitiidswaar, oer de smelle dykjes eastlik fan Tergeast oant er wer thús wie, yn in bûtenwyk fan It Ankefean. Dêr hie er yn 1934, no al acht jier lyn, tegearre mei twa fan syn soannen in praktyk opsetten. Hjoed hie er it ryk allinnich, syn wiif Beitske wie by har suster yn Berltsum en Douwe en Anne wiene beide op kursus yn Utert.

It wie allegear aardich útrûn, it konsult by Tolsma, dat no miste er, bliksem, it begjin fan de Führer syn wyklikse radiotaspraak. Lykas altyd gie it him kâld oer de lea, benammen wannear’t it lûd fan de Lieder yn folume tanaam, dan like it oft de wurden út oerâlde Germaanske boarnen streamden. Alle wurgens luts fuort; nije, ûnbidige krêften namen besit fan Rinzema, syn ljochtblauwe eagen glinsteren en de holle waard him fjoerread.

Hy krige syn skearspegel út de kast en beseach ûndersykjend en grutsk syn antlit. As der ien oanspraak meitsje mocht op in Germaansk uterlik, dan wie hy it wol. Grut fan stal, de skerpe noas, it sterke kin, de blauwe eagen: it wie krekt sa’t dr. Friedrich Müller it yn syn boek Die Germanen beskreau. Hy liet syn besikers wol gauris ien fan de yllustraasjes út dat boek sjen, en de reaksje wie altyd itselde: ‘mar dat binne jo, dokter Rinzema!’

Hoe oars wie it steld mei dy sentimintele dichter Schelte Feddema, syn eardere meistrider foar it Frysk, mei syn brune hûnseagen en syn lange, dekadinte hier. Dat wie gjin rassuver spultsje, safolle wie dúdlik. En dan dy Bibelske drama’s en fersen: om fan te spuien!

Hy deklamearre mei útset lûd in strofe út syn eigen, yn guon rûnten tige omstriden fers De falskermjagers:

De trek fan sinnesoldaten
Giet, brune…

In racheljende hoastbui ûnderbruts de foardracht. Sybe spuide nuver grien guod yn ‘e goatstien.

Hy koe it sonnet hielendal út ‘e holle en helle ek wer efkes de Dútske oersetting derby, makke troch syn kammeraat Wilhelm Krugmann. In dwerchke, mei in grutte holle en grou liif, mar och sa foar de nije oarder. In pear moanne ferlyn wie Die neue Ordnung útkaam, mei neist de Fryske orizjinelen ek de, foarsafier’t er it beoardielje koe, treflike Dútske ferzjes fan Krugmann. Sybe wie botte benijd nei de ferkeapsifers yn Dútslân, mar hie dêr noch gjin berjocht oer krigen.

Trije dagen letter waard der lûd op ‘e doar bûnze. Beitske fage har sjipsophannen hastich ôf en seach in man yn Dútsk unifoarm foar de doar stean. Se waard efkes kjel, mar skode doe de skoattel fan de doar en die iepen.

‘Frau Rinzema?’ frege de jonge, kreaze soldaat. Hy hie sûnreade wangen, syn unifoarm siet him strak om it sterke liif. Mei in hoflike bûging oerlange er Beitske in mei stimpels bedutsen brief fan it Reichsambt für Volksaufklärung und Propaganda. Hy sei der by dat it in tige wichtich berjocht wie en dat Herr dr. Goebbels op antwurd wachte. Hy soe moarn om deselde tiid weromkomme foar Rinzema syn skriftlik antwurd.

Goebbels?

(tenei mear)