Anneke van Renssen, Willem Winters

De lullensnijders / Hottefyljen

logo.ensafh

De lullensnijders

GETVER, sei ik doe’t ik 13 juli de krante lies. Op ‘e foarside stie: ‘Amerikaanse vermaalt penis van echtgenoot’. Dat ôffykjen fan de pimel komt faker foar. It begûn al mei dy Japanske film, L’empire de sens. Man en frou hawwe wurchseks, sy smoart him ûnder it neuken en snijdt dan syn apparaat ôf, docht it yn wat lapen en rint dan dagen oanien, alhiel fan ‘t sintrum, troch de stêd.
It gefal fan Bobbitt is bekend; him koe it spul wer oannaaid wurde. Dizze Amerikaanse woe dat foarkomme en stoppe de lul yn ‘e itensrestefermealer, der wie neat mear mei oan te fangen.
Ik fiel it mes al en rydboskje.

Ik hoech hjir net út te lizzen hoe wichtich dy pear sintimeters opblaasber fleis foar de man binne.
Fan guon manlju seit men wol ‘hy rint syn lul efternei’. Bedoeld wurdt dat seks foar him it wichtichste is yn it libben. Dat binne de ekstreme gefallen. Der binne ek beskiedener lju, dy’t miskien net altiten har troch broeder penis liede litte. Ik tink dat der net folle manlju binne dy’t
alhiel selstannich sûnder, partner – man, frou of noch oars – libje sûnder dat se oarloch mei harren hormoanen krije. It is de aard fan it bist, sille wy mar sizze.
Ik sil de ûntjouwingen yn dizze saak skerp folgje.
Litte wy – manlju – ús beriede hoe’t wy hjirop reagearje moatte, hoe soks foar te kommen.

Eigenaardich wat jin wer yn it sin komt by sokke berjochten. Ynienen komt dat ferske wer boppe: oer de ‘lullesnijdersman’, dy’t it lân ôfstrúnt en as er de gelegenheid kriget, oare manlju de lul ôffiket. Don Qui Shokking, dy songen it:
‘Wie is dat in het groen verscholen, achter rozenstruik en tulp.
Wie loert daar zo onverholen, op het op’nen van een gulp?
Wie houdt daar zo dolveel van?
Het is de lullesnijdersman!’

Man? De lullesnijdersvrouw, bedoele jo?

Willem Winters

Hottefyljen

Yn myn stúdzje skiednis haw ik yn wurkstikken nochal wat frjemde ûnderwerpen by de kop hân. Bygelyks it âlde wurkhûs yn Ljouwert, dêr’t, sa die bliken, de Mem en de Heit, dy’t de lieding hiene leaver ûnder de rokken fan ’e famkes ferkearden as tasicht hâlden op it wurk fan ’e famkes. Moai om te dwaan wiene ek myn stúdzjes nei ferskate utopyen en it ferskil tusken it Europeeske (Ingelske) tinken en it tinken yn Amerika. Myn dosint fûn myn ferhaal mei as begjinpunt ‘A fish called Wanda’ mei John Cleese en Jamie Lee Curtis NRC wurdich.
Mar de measte wille haw ik hân oan myn ûndersyk nei Harems yn ûnder oaren it Midden Easten en yn Sina. It wie in mjitte fan myn radikaal feministyske perioade. Ik die neat oars as sneupe yn de âlde Buma biblioteek en fûn skatten. Ut ’e reaksje fan ’e bibliotekaris die bliken dat hy it mar neat fûn, mar ik hie grutte wille. Allemachtich, dat wie noch wol wat oars as de berjochten dy’st tsjintwurdich yn de krante sjochst. Ik koe Willem myn grutste skat net ûnthâlde en fertelde him wat barde mei Sineeske muontsen dy’t Euneuchen waarden.
‘Eerst werd de penis afgesneden. Vervolgens werd er een stokje in de restanten geduwd, dat vijf dagen moest blijven zitten. Wie dit onder helse pijnen overleefde was waardig om euneuch te worden.’ Willem is nea takommen oan de ein fan myn ferhaal. Healweis moast ik him opfange omdat hy flau foel. Slimmer noch: as wy wer ris hottefylje, brûk ik it faak as lêste middel: ‘Tink derom, oars fertel ik noch ris it ferhaal oer dy Sineeske muontsen.’ Dat wurket altyd.
En no ferdomme skriuwt hy in kollum oer dy frou yn Amearika dy’t de penis fan har man yn ’e grientefersnipperer smiet.
Ik moat wat oars betinke om by hottefyljen myn gelyk te heljen.

Anneke van Renssen