Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Simmerfakânsje is komkommertiid sizze se, mar dat giet lang net altyd op. Want yn ’e fakânsje hat him moai wat ôfspile. De diskusjes fiere heechtij op allerhande social media en op it nije ensafhoarum (link).
Krityk is fansels goed, wannear’t it opbouwend is. Tusken alle skellerij sitte wol dingen dy’t it oertinken wurdich binne. En dat sil ik ris dwaan no’t ik op it stuit yn Eastenryk sit om te bekommen fan ’e ferhúzerij dy’t ik no achter de rêch haw.
Ensafh is neat mei neat, komt it bytiden op del. Wis, wy soene mear dwaan kinne en benammen mear helje kinne út de digitale tûke dy’t wy hawwe. No’t ik in jier meidraaid haw, soe ik dêr ek graach mear oan dwaan wolle. Wat mear ynspylje op ’e aktualiteit en mear de mooglikheden ûntdekke dy’t ynternet men biedt.
Mar dan sil it foar guon wol wer net goed genôch wêze…

Poëzij

Nije poëzij yn it Bildsk fan Hein Jaap Hilarides

Proaza

In fragmint út Sjieuwe Borger syn nije roman Simmer oan ’e Pikmar

Cornelis van der Wal skriuwt in feuilleton foar ensafh: Brún Bloed.

Kollum

Ús nije redaksjelid Tryntsje van der Steege wol graach in tablet hawwe.

Skermer wrakselet mei de Fryske identiteit.

Willem Winters en Anneke van Renssen behannelje gefoelige ûnderwerpen…

Oersetting

Jacobus Q. Smink hat twa fersen fan Frida Kamphuis oersetten.

Multymedia

Tige bliid binne wy mei de meiwurking fan it romrofte Duo von Däniken. De Baron fertelt.

Edwin de Groot draagt syn fers Krantsje op sneintemoarn foar.