
Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei de jierren santich, tegearre mei syn frou Sietske Postma (1952-1984), op Aldebildtdyk tahold. De dichter ferstoar ferline wike, njoggen septimber, yn it sikehûs te Snits oan de gefolgen fan in oerhaal en attack. Syn libben draaide oer alle boegen om poëzy, muzyk en wetter. Hy wie as natoerlyrikus in essinsjalist, in dichter op ’e syk nei ‘de romte achter de wurden.’ Dêr’t it markante hearskip Binne Lútsen Boarnstra nei foaren stapte, dêr barde wat, syn oanwêzichheid wie a way of happening, a mouth, om it mei in rigel fan de Ingelske dichter W.H. Auden te sizzen. Yn syn bydrage oan de blomlêzing Gjin grinzen de reis (2004) neamde er syn tiid en bestean in rêstleas fierder gean.
Lês fierder by de Moanne