Wa wint de GJ-Priis 2009? (2)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. En hjir foar Wa wint de GJ-Priis? (1).

Margriet Poortstra – Nomade

Nomade ferskynde op 7 july 2006, ik wit it noch, want ik wie ‘krekt op ’e tiid’ en krige in ‘goede reis’ mei fan Margryt; stiet foaryn myn eksimplaar. De bondel is tsjok mei sa’n lytse hûndert siden en is útjûn troch Frysk en Frij fan Goasse Brouwer. De skriuwster hat grif sa’n tsien jier oan it garjen west, want Eva kaam yn 1997 út. ’Dit is gjin fleurige poëzy’, skreau Harmen Wind yn syn krityk yn de Ljouwerter.

Nomade - Margryt Poortstra
It lêste fers fan de syklus Do nûmer VI op side 33 giet sa:

Dat de druven as prommen sa grut

en de sinne oant jûns let om ús hinne

de strjitten fan goud, rivieren fan libben.


Mar sûnder dy; en noait

wol it ferline oer de grinzen hinne

fan dy oare moarn; ûnwennich

dat ivige gat fan ferlies.


Dat de beammen oant yn ’e loft

en de nachten ljochtsje as stjerren.


Dat it wetter ús folget

foar de toarst dy’t noch komt.


It fers lit him lêze as in beswarring. It sil bestean, mar ja, de dwerslizzer sit yn strofe twa. In dissonant eins dy’t net sa poëtysk is, him ommers tinke lit tusken de evokaasjes en dy’t yn de lêste strofe oerwûn wurdt mei in dimmen winsk foar ús lêste eintsje libben. Strofe twa is yndie net fleurich.

Poortstra’s lêste poëzybondel stie yn de poll fan Oranzjery De Kopspiker oer de

Gysbert Japicx-Priis 2009 foar poëzy yn maart by de top fiif. Letter mar ris sjen wat de sjuery seit.

jqsmînk

Yn de twadde strofe lês ik ferlies en dat de dichter sa net fierder wol (dat it ferline ophâldt , want net mear oan in oare dei takomt). P. skriuwt net de oare moarn mar dy oare moarn. In spesjale moarn? Ik wit it net, soe hja in sekere moarn yn gedachten hawwe? It soe samar kinne dat hja harsels in ultimatum steld hat. Ik besykje it salang sûnder dy oar en as it dan noch net wend is, dan is it út. Hoe oars kin sy sizze dat dat ivige gat fan ferlies ûnwennich is. Dy konklúzje kin men pas lûke nei in sekere tiid. De earste, tredde en fierde strofe komme my yn boppesteand ramt foar as kin sy net mear genietsje fan al it moais dat der is, sûnder de dy.

It sinneljocht om harren hinne, de ljochtsjende nachten en de toarst (hertstocht).

edwindg

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *