André Looijenga

Fan op in kreake

logo.ensafh

Galerijen en balkontsjes mei ik wol lije. Dêrfan delsjen op wat ûnder bart, is krekt as op in barokke plafonskildering mei om ’e hanneling hinne herntsjes mei taskôgers. Minskjes sjogge nei de midden, wize op wat aparts, jouwe fansiden kommentaar op it hiele teater.

Allyksa fielde ik my okkerwyks op it Boekefeest, doe’t ik de omgong mar ris opsocht foar in better sjoch op it toaniel. Op ’e kreake hiene boekelêzers, en guon skriuwers ek, har drapearre op stuollen en de houten sitsjes oan it stek. De keunst fan it taskôgjen, it fansiden wat praten as potlead-oantekens yn in marzje. Ek ik joech my del, op in kessentsje rjocht boppe it poadium.

Ik skôge. Ûnder hie in prústich âld man, skriuwer fan it kadoboek, it toaniel yn besit naam, en werhelle dêr himsels. Hy rôp syn spesjale gasten nei foarren. Sportlju, bekende Fryske jongeren fan wa’t Speerstra de nammen yn triomf opneamde. It tal minsken ûnder de tritich yn ’e seal like no wol hiel leech. De bejaarde hurdfytser joech heech op fan harren ambysje, dy’t er sa bewûndere. ‘Ambysje, krammele,’ tocht ik, ‘en wat sizze jo fan Fryske jongeren mei yntellektuële ambysje, hear Speerstra?’

Der wurdt al mear as genôch sport hjir yn Fryslân. Se moasten de harsens hjir ris faker brûke, ynstee fan inkeld de beolich. Mar Hylke Speerstra sjocht de minske no ien kear graach beoligjen.

It kadoboekje yn kwestje is wer in ambachtlike triennelûker. In dûbelde famyljeskiednis yn skel swart-wyt, mei sentiminteel refrein. De heale wrâldskiednis der oan ’e hierren by lutsen en dochs yn grutte stappen gau thús. Bottom line: froeger wie it libben rûch, mar echt, wiene de minsken autentyk en… eins bêst dom. Speerstra syn Hiemstra’s fan Hichtum bygelyks, dy’t har as willeaze skiep troch godstsjinstwaansinnige beppe nei de iiskâlde prairie fan Súd-Dakota jeie litte. Lije sil de minske, lykas dy topsporters dy’t ornaris ek net folle bestekliks te melden hawwe.

Ik gie wer stean en pandere mei argewaasje fierder de kreake om. It Lemster Manljuskoar naam syn slachoarder yn. Fan it programma mocht it in inkeld liet sjonge. ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet / lyk in memme-earm har bern…’, mienskipssang dy’t je tichter yn ferbining mei in eartiids (hokker dan ek) bringt as de skematyske skiednisteltsjes fan Hylke-om.

Út it ferline en it no knutselje wy ús eigen Fryslân wol, en út deistich praat en goed-geef in Frysk om dat stal yn te jaan. Lit Speerstra mar leauwe yn syn eigen fiksje fan it Frysk as boeretaal wêryn’t je allinne oer reedriders en emigranten skriuwe kinne. Lit him mar yn ’e waan dat it gau mei ús dien is om’t wy wolris in tiidwurdflater meitsje. Der is fêst genôch takomst oer.

It siet oars noflik op ’e kreake.