
‘De provinsjale amtner is no moai nei it húske, dus wy kinne de nammen fan de fiif lêste kânshawwers wol even ûnderinoar beprate.’
‘Mar wy moatte wol de nammen feroarje, want de keamer hat ek earen. Alles lekt hjir dat it sta seit. En wy soene der yn oktober út wêze.’
‘Konkreet dan: Sytse falt ôf neffens de kêsten omdat syn masterwurk Moerlân mear as fjouwer jier lyn publisearre is. Tuskentiids hie er gjin nije publikaasje.’
‘Bourdieu leart ús dat in sjuery him earst echt ûnderskiedt troch mei in namme te kommen dy’t gjinien ferwachte hie. Hawwe Erwin, Bonpipa en Gjetske destiids hiel goed begrepen.’
‘Bliuwt oer Koark. Hy hie yn de tachtiger jierren al de priis krije moatten foar syn Sûpenbrijsyklus, dochs syn bêste wurk. Hy is no sa faak passeard dat it sjenant wurdt wannear’t er dochs noch yn de prizen falt.’
‘Syn foarstanners hawwe syn saak gewoan brûkt omdat se it foech om mei in sjueryfoardracht te kommen by de Akadeemje weihelje woene. Dy moast yn hannen komme fan it Stofmuseum, want dy witte it bêste wa’t de bêste is.’
‘Ja, dy teory ken ik en dêr gean ik net yn mei, want elke sjuery docht ûnferwachte dingen. Gjinien hat ús oan it lyntsje.’
‘Dan de kânsrike jongere skriuwers dy’t no oer binne: Gryt, Kees en Guillaume, de Grutte Trije. Kees skriuwt gjin Frysk mear, is te bot teloarsteld troch syn minne ferkeapsifers, al sil er dat nea en te ninter tajaan. Ik wol Kees ek net bekroane want hy is de dosint fan myn soan yn de eineksamenklasse en dan tinkt eltsenien dat ik oan nepotisme doch.’
‘Gryt fyn ik lestich: fjouwer prachtige boeken, mar as se no de priis al krijt wurdt der grif oer opmurken dat it is omdat se frou is en jong. Se soe eins noch ien masterwurk skriuwe moatte, dan is se der klear foar.’
‘Guillaume is ek briljant. Soarget foar de measte opskuor, mar kompensearret syn net hielendal Fryske komôf mei wat al te folle leafde foar it hardcore-Germaansk-heidenske- uh, uh, hoe sis ik dat no fatsoenlik?’
‘En wy moatte fansels ûnfoarsisber bliuwe, oars binne wy net sjyk as sjuery. Is se al fan de wc ôf?’
‘Krús of munt: wy moatte der no útkomme. Hopla: dochs noch in ferrassing: Koark.’