
Pieck en Rackham
Hoe moatst dit neame. Is it minne keunst of is it keunstich tekenwurk?
Wy wiene yn Hattem fanwege it Anton Pieck Museum. Want Pieck hat my yn myn jonge, jonge jierren knap yn ‘e besnijing hân mei syn fantastyske printen by de Sprookjes van Grimm. Inkele fan dy kleureplaten spoekje my noch altiten yn ’e harsens om.
‘De oude Lucifer is met Speelhans aan het spelen.’ Hokker wêzens meie dat wol net wêze? De twadde print dy’t my de grize oer de grauwe besoarget is dy mei in grauwélige draak, dy’t boppe in skip hinget, de jager sjit op him. Mar soe dy draak dan net op it skip delklappe? En dan giet it skip dochs noch nei de kelder.
De mearkes fan Grimm binne altyd op ’e nij werprinte – en no gean ik mar even op ‘e foarplaten op ynternet ôf – mar dan is der gjinien yllustrator by dy’t him mjitte kin mei Pieck’s Grizelkabinet.
Syn printen by Grimm binne lang sa Pieckerich net as de ferneamde stêdsgesichten. Dy wat bibberjende tekenstyl bin ik gau sêd.
Mar dy draak en Lúsjefer kaartspyljend yn ‘e hel!!!
Ik sit der noch wolris op te stoareagjen. As in keunstner dy sa te pakken nimme kin, moat er dochs wat bysûnders hawwe, in talint.
Dan ferjit ik foar in momint dy romantyske, ferfeelsume kalinderprintsjes en fergelykje syn Grimm, mei dy fan Arthur Rackham’s Alice. Dy twa steane net sa fier fan inoar ôf.
Sjoch sels mar ris yn Hattem, want Hattem Hattit.
Willem Winters
Dada Wykein
It soe moai waar wurde, sadwaande moasten wy der in pear dagen tuskenút. De sneons op nei de Achterhoek. Willem woe it boekdrukmuseum yn (ik bin alwer ferjitten wêr’t dat wie), ik woe noch wol ris yn it hilligebyldemuseum yn Kranenburg sjen. It boekdrukmuseum wie ticht. Gjin probleem, genoch te lêzen op in smûk kempinkje. Sneins op nei Kranenburg. Frjemd, in hilligebyldebyldemuseum dat op snein iepen is. It wie der geweldich. It die bliken dat Roel den Dunk en Fred van der Zwet út Ferwert (www.kerststalinfriesland.nl) in moaie kryststâl makke hiene. 20 meter lang mei lytse figuerkes en – wichtich – mei in protte humor.
Mar ja, doe’t wy wer op ’e dyk stienen wie it noch mar ien oere. Wat no? Willem hie in gouden idee: it Anton Pieck Museum yn Hattem. As bern ha ik De sprookjes van Grimm stikken lêzen. En my fergappe oan de yllustraasjes fan Pieck. Tsjintwurdich griist it my oan. Anton Pieck is foar my De Efteling en al dy ferskriklike kabouterkes. Ik hie gelyk. It wie ferskriklik. Sa plat as in dûbeltsje. Neat oan.
Gelokkich hie it museum noch in ferrassing yn petto: in eksposysje fan heit en soan ??? Ik bin ferdoarje de nammen al wer ferjitten. Heit wie prachtich, de soan wat minder. Hy hie dwaande west mei ûnder oaren de Verkade Albums. Dêr ha ik net sa folle mei. It docht my tinken oan Jopie Huisman, dat hoecht fan my ek net.
Doe’t wy wer bûten kamen krigen wy in tongerbui oer ús hinne. Ik tocht, moaie dagen, waarm, tongerbuien, Anton Pieck sjen, in kryststâl yn augustus en fuort de nammen fan de minsken dy’t der wol ta dogge ferjitte. Willem soe sizze: “Dit wie wer in Dada weekend Annek.”
Anneke van Renssen