Beart Oosterhaven

Foar de helte goed

logo.ensafh

Nei trije kear Bob Dylan (troch Ernst Langhout & Johan Keus yn 2004 en 2005 en ûnder lieding fan Jan Tekstra yn 2010) en ien kear Leonard Cohen (nei in idee fan Bart Kingma yn 2008), is op ’en nij in grutte Noard-Amerikaanske singer-songwriter mei in Frysktalich cover-album fereare. Diskear is it te rêden om Johnny Cash (1932-2003). Op inisjatyf fan ’e Cash-fans Jacco de Boer en Klaas Land is, mei as titel Fryske Cash. Leafde … God … Moard, in audio-cd ta stân brocht dêr’t 21 nûmers op te hearren binne.

Wat de útfierende artysten oanbelanget, hawwe De Boer en Land har net beheind ta it freegjen fan allinne guon dy’t muzikaal ticht by it country- en rockabillyidioom fan Johnny Cash sels sitte. Sa binne behalve erkende rockabillybands as Billy Benton & The Birddogs en Highway 54 – dy lêste is wól de leveransier fan ’e measte begeliedings! – moderne alternative (rock)acts te hearren lykas Monstertux en Liet 2009-winner It Langstme en de Dea. Dy aventoerlike casting fan De Boer en Land hat net oeral goed útpakt. Ik kom dêr noch op.

De 20 lietsjes (‘Dwerse strepen’ stiet der yn twa útfierings op) jouwe in moai represintative trochsneed út it sa’n 50 jier ‘lange’ (de twadde helte fan ’e 20ste ieu) repertoire fan Johnny Cash. Fan ‘Big River’, ‘Folsom Prison Blues’ en ‘Jackson’, fia ‘A Boy Named Sue’, oant mar leafst fiif nûmers (‘Delia’s Gone’, ‘Spiritual’, ‘Hurt’, ‘Redemption’ en ‘I Hung My Head’) fan syn seis legindaryske American Recordings-albums, dy’t ferskynd binne tusken 1994 en 2010.

De Fryske wjergaders waarden makke troch 10 oersetters. Te witten: Mirjam Vellinga, Sito Wijngaarden, Willem Schoorstra, Ate Grijpstra, Anne Tsjerk Popkema, Ad Fahner, Jesse Wassenaar, Chiel Tighelaar, Pieter van der Bij en Emiel Stoffers. Tige spitich is, dat yn it tekstboekje nearne oanjûn is hokker persoan hokker tekst oerset hat. It docht nammentlik bliken, dat de iene oersetter har/him folle mear frijheden foar de Ingelske grûntekst oer tastien hat as de oare. Sa folgje de oersetters fan respektivelik ‘Big River’/‘Eeltsjemar’, ‘Cocaine Blues’/‘Drukrotsoai’, ‘Ghost Riders In The Sky’/‘Spookbrommers yn de loft’ en ‘Folsom Prison Blues’/‘Grut Lankumer Blues’ mar op grutte ôfstân it orizjineel fan Johnny Cash. Harren oersettings binne winlik bewurkings ‘op de wize fan’. It lêstneamde nûmer befettet it absolute djiptepunt wat oersetkundigens oanbelanget. De meast ferneamde en meast yntrigearjende lietrigel fan Johnny Cash is ommers: ‘But I shot a man in Reno / Just to watch him die’, ôfkomstich út ’e ‘Folsom Prison Blues’. De Fryske Cash-oersetter hat dêr yn syn ‘Grut Lankumer Blues’ fan makke: Mar ik lake om har wurden / Lei myn wyfke om en him dêrmei folslein diskwalifisearre.
En dan binne der noch twa nûmers dêr’t al in eardere en folle bettere wjergader fan bestie as dy’t no op Fryske Cash te hearren is. Ik haw ik dan oer it troch Eduard Rekker wat hampelich deklamearre ‘A Boy Named Sue’/‘In man neamd Tyt’, dêr’t Doede Veeman, op basis fan in oersetting fan Pyt Jon Sikkema, yn 1978 op syn lp Frustraesjebloes al in treflike ferzje fan jûn hat ûnder de titel ‘In jonge neamd Tryn’, en oer ‘Delia’s Gone’/‘Diny is doad’. Dat lêste nûmer wurdt op Fryske Cash yn it Ljouwertersk útfierd troch Cees Greuter. De tekst kin lykwols net yn ’t skaad stean by Gurbe Douwstra sines, ‘Sjoukje is dea’, op dy syn cd Dizze stoarm (2001).

Dat der yndied wol goede Fryske wjergaders fan Johnny Cash syn teksten makke wurde kinne, bewize de oersetters fan ’e nûmers op Fryske Cash dy’t fertolke wurde troch efterinoar Agnes Sambrink (‘Spiritual’), Hendrik Waringa (‘I Walk The Line’/‘De smelle wei’), Monstertux (‘Hurt’/‘Sear’), Foppe Land & De Hamstra’s (‘Redemption’/‘Ferlossing’), Rients Gratama (‘I Got Stripes’/‘Dwerse strepen’), Baldrs Draumar (‘I Hung My Head’/‘De kop foardel’) en It Langstme en de Dea (‘Sunday Morning Coming Down’/‘Sneintemoarn’). Yn it nûmer ‘Sear’ fan Monstertux steane sels rigels, dy’t, wat my oanbelanget, ta de hegere poëzy rekkene wurde meie:

Ik draach de stikelkroan
No op myn leugentroan
Fan brutsen tinzen fol
Dy’t ik graach lymje wol
De tosken fan de tiid
Fermealle elk gefoel

[…]

At ik opnij begûn
Op ’t paad fier achter my
Dan past’ ik better op
Dan fûn ik wol in wei

En Foppe Land (jawis, Klaas syn broer!), âld-sjonger fan ’e punkband Strawelte, haw ik noch nea sa’n geve Fryske tekst fertolkjen heard as no mei ‘Ferlossing’, nota bene in gospelnûmer:

Ut syn hân is it rûn
Ut syn side is it rûn

Ut syn foet is it rûn
It streamd’ op ’e grûn
En in stim yn myn hert
Sei: ‘’t Is net te let’
Hy hat my hâldfêst bean
Ik klampt’ my oan de beam

De krekt oanhelle nûmers troch Monstertux en troch Foppe Land & De Hamstra’s hawwe muzikaal ek gâns te bieden. De earstneamde groep is eksperiminteel yn aksje mei allerhanne elektroanika. It nûmer ‘Sear’ rint op sa’n wize út yn in foech (anty)klimaks, dy’t wûndermoai by de tekst past. De Hamstra’s dêrfoaroer, biede de noch altyd tige krêftige stim fan Foppe Land in smeudige folky eftergrûn, kompleet mei de hearlike banjo fan Johanna Hamstra.
Folky en fan hege kwaliteit is ek it nûmer ‘De kop foardel’ fan Baldrs Draumar, in groep dy’t oars – yn it metalsirkwy – wend is om mei desibels te smiten.
Moai fan gitaar en werklik prachtich fan oargel is Agnes Sambrink har útfiering fan ‘Spiritual’. It is dêrby wat spitich, dat de sjongeres oan ’e ein fan it nûmer op ‘mear balt as alt’ attrappearre wurde moat. De nestor fan ’e útfierende artysten, Rients Gratama, jout, mei adekwate begelieding fan Highway 54, in bysûnder autentike fertolking fan ‘Dwerse strepen’. It liket wol as kin er him hiel goed ynlibje yn ’e tekst oer in bestean as finzene.
Sa autentyk en dochs rjocht dwaand oan Johnny Cash en syn grûntekst as Rients Gratama, klinke net alle artysten op Fryske Cash. De brede casting fan Jacco de Boer en Klaas Land hat nammentlik ek útfierings opsmiten, dy’t, om ‘De Wereld-Draait-Door’-hûsdichter Nico Dijkshoorn mar oan te heljen, ‘door weinig geoefende zangers’ yn ’e mikrofoan slingere lykje te wêzen. Foarbylden fan sokke útfierings binne dy troch respektivelik: Rockin Ronnie fan ‘Ballade fan in breezerslet’, dêr’t er gauris yn ôfwykt fan ’e oersette tekst en fokaal tefolle op ien dreun bliuwt; Hendrik Waringa, dy’t ‘De Smelle Wei’ ûnfêst sjongt en dêrtroch it hiele nûmer bedjert, en Elske Minnema, dy’t yn ‘Toe jou dyn mes oan mem’, de wurden op in tige keunstele wize útsprekt (jou as joo, bygelyks).

Alles byinoar lizzend, kin sein wurde, dat op Fryske Cash trije nûmers stean, dy’t oer alle boegen foldogge. Dat binne ‘Sear’ (troch Monstertux), ‘Ferlossing’ (Foppe Land & De Hamstra’s) en ‘Dwerse strepen’ (Rients Gratama). Dêrnjonken binne der njoggen dy’t wat my oanbelanget de muoite fan it geregeld ôfspyljen wurdich binne. Op sa’n wize kin dus de (goede) helte fan ’e nûmers op Fryske Cash troch de mesken en as oanwinst foar it Frysktalich lietrepertoire ynboekt wurde.

Ferskate artysten
Fryske Cash. Leafde … God … Moard (cd)
Marista, Dronryp 2011