
Yn it boek Nietzsche, een biografie van zijn denken, fan Rüdiger Safranski lês ik dit: ‘Myte en mytologisearjen is in byldyntinsive sinjouwing fan wat oars sinleas is. Wat de mytefoarmjende potinsje fan it bewustwêzen hieltyd op ’e nij útdaget, is de ûnferskillichheid fan de wrâld.’
Mar is de wrâld wol ûnferskillich? Is it miskien sa, dat de mins foar de wrâld de ûnferskillige is. Is de mins net gewoan allinne mar ynteresearre yn himsels, hat er net gewoan allinne mar mei himsels te dwaan? Soe it net sa wêze, dat it probleem is dat de mins himsels net iepenstelle kin, sa’t de wrâld dat ek net kin. Yn it sitaat wurdt der fan útgien dat de minske foar de wrâld oer stiet, bûten de wrâld. In heilleas útgongspunt yn myn eagen. Men kin folle better fan it idee útgean, dat tusken de mins en de wrâld yn prinsipe gjin ferskil is, mar dat it oan de mins is om dat te sjen.
Nei it boppesteande sitaat giet it boek sa fierder: ‘Wy fersette ús tsjin de foarstelling fan in wrâld dêr’t wy net it gefoel ha kinne hoe dan ek ‘bedoeld’ te wêzen. De mins dy’t ken langet dernei om sels ek kend te wêzen, net allinne troch oare minsken, mar troch in sinrike kosmos. De mins, dy’t sels diel is fan de natuer, is troch syn bewustwêzen op ôfstân rekke fan dyselde natuer en ferwachtet no dat dêrbûten wat fan in bewustwêzen is dat oan dat fan himsels beantwurdet. De mins wol mei syn bewustwêzen net allinne bliuwe. Hy wol graach dat de natuer him antwurdet. Myten foarmje is besykjen mei de natuer yn petear te kommen. Foar it mytyske bewustwêzen ha de natuerlike prosessen in betsjutting. Wat drukt him dêryn út, al is it mar, sa as foar de Schopenhaueriaan Nietzsche, de elemintêre wil. Nei in ûnderfining fan wjerljocht, stoarm en hagel skriuwt de jonge Nietzsche yn in brief: hoe lokkich, hoe sterk binne se, suvere wil, sûnder ek mar wat fan in fertroebeling troch it yntellekt.’
Mar sa bliuwe de mins en de wrâld opsletten yn harsels. In folle better útgongspunt is om út te gean fan it idee dat sawol de mins as de wrâld sjen kinne. En de mins hat dêrby it gelok dat de dingen út harsels nei de mins sjogge, sjoch om dy hinne, dan sjochst it. De mins hat de kar.
Op it nivo fan it sjen kin de mins gelokkich wêze. Hy hoecht ommers mar ien ding te dwaan: ûnbefangen nei syn soartgenoaten en de dingen sjen. De dingen sjogge út harsels al, de oar komt der dan miskien ek ta om nei him te sjen. Yn it nei inoar sjen leit de ienheid fan minske en wrâld besletten.