
Dit is al wer it njoggende nûmer fan ensafh. No en? Nee, neat.
It is lang lyn dat Eric Hoekstra poëzy publisearre hat. Mar yn dizze en de folgjende ôflevering is er fan de partij. Yn dit nûmer meldt er him mei it gedicht ‘Fryske Buddy’.
Yn it kommende nûmer fan ensafh op papier dat ein juny ferskynt sil ek poëzy fan him opnommen wurde.
Yn dizze ôflevering stiet it slot fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set’ en ek it lêste stik fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’.
Fan Willem Winters is der de kommende 4 ôfleveringen even gjin kollum, mar it Byld- + Proazaprojekt ‘Swarte Waaksens’, in eksperimintsje of ûndersyk sa’t Winters it seit: ‘Sa moat men Swarte Waaksens ek sjen as in eksperimintsje (in ûndersyk) om nei te gean hoe’t tekst en byld harren ta inoar ferhâlde en wat it effekt is.’
Jouke Hylkema bûcht him oer de krisis en rjochtet him dêrby op ’e auto(yndustry).
Ulke Brolsma draacht in reisferhaal by. Hy hat yn Cambodja west en dêr in ûntdekkking dien.
Skermer skriuwt: ‘De sinne skynt! De nacht fan in sinnebril!’
Under de rubryk Poadium jout ensafh dizze hiele simmer omtinken oan de dichters en har bondels dy’t yn oanmerking komme foar de Gysbert Japicx Priis 2009, dy’t dizze kear foar poëzy is.
Dit is al wer it njoggende nûmer fan ensafh. No en? Moai dochs.