Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ut namme fan ’e redaksje wol ik graach Durk van der Ploeg fan herte lokwinskje mei it winnen fan de Gysbert Japicxpriis 2011. Nei sa’n machtich oeuvre komt it jo ta! Lokwinske!

Ta eare fan de winner hawwe wy dizze kear in ‘Durk-Digy’ gearstald mei:

– In lofdichttroch Klaas Bruinsma.
– Gedichten fan Van der Ploeg, troch Piter Boersma en André Looijenga ynsprutsen.
– In besprek fan syn nijste boek.
– In presintaasje fan alle besprekken fan syn wurk dy’t stien hawwe yn en op ensafh en it eardere Hjir en Farsk.
– En fierder kollums, in essee, in filmke en in skildere portret.