Piter Boersma

It Fryske literêre libben (5): Gysbert Japicx-priis foar Durk fan der Ploeg

logo.ensafh

Yn it offisjele berjocht fan de provinsje stie dat neffens de advyskommisje foar de Gysbert Japicx-priis de kwaliteit fan de te beoardieljen boeken, dichtbondels en oare sjenres heech wie, mar dat der gjin boek mei kop en skouders boppe-út stuts en dat de kommisje dêrnei besletten hie om in oeuvre te bekroanen, dat fan Durk van der Ploeg.
It is oars de gewoante dat de sjuery him by de priisútrikking ferantwurdet. De sjueryfoarsitter lêst dan it sjueryrapport foar. No is de ferantwurding fan de kommisje al yn it parseberjocht nei foaren kommen en dat net allinne, yn fraachpetearen mei de parse ha guon kommisjeleden har ek útlitten. Apart.

Yn dy fraachpetearen kaam ek it tema ‘reuring om ’e priis hinne’ oan ’e oarder, dat wol sizze ‘reuring’ foar de tiid om der in spannende oangelegenheid fan te meitsjen mei in list fan kânshawwers en in list fan trije op ’t lêst, soksawat.
De kommisje woe wol, mar de provinsje beweegde sa’t skynt net. Dat koe de provinsje net, want yn it regelemint stiet by myn witten allinne dat de kommisje as taak hat om de skriuwer foar te dragen dy’t neffens har de priis ta komt.
Mar is der ferlet fan ‘reuring’ om ’e Gysbert Japicx-priis hinne, sa’t de advyskommisje him dat foarstelt? Ik tink fan net. Neffens my soe dat foar de status fan de priis net goed wêze. Allinne by publyksprizen kin ik my der wat by foarstelle. De advyskommisje sil wol op it idee kommen wêze om’t se fine dat de Fryske literatuer of faaks krekter sein, de ferkeap fan Fryske boeken, wol wat drokte brûke kin. Fêst wol, mar de Gysbert Japicx-priis dêrfoar brûke, nee. En dat ek noch om in oare reden as de status fan de priis: dy kin net allinne oan in boek takend wurde, mar byneed ek oan in oeuvre, sa’t no, en ek earder wol, bard is. Want dan soene der neist boeken ek oeuvres op ’e groslist komme kinne, in brike boel.

De priis is takend oan Durk van der Ploeg, net om’t er in bjusterbaarlik goed boek skreaun hat, mar om’t de ôfrûne fjouwer jier fierders ek gjin bjusterbaarlik goed boek ferskynd is en om’t syn oeuvre it neffens de advyskommisje wol wurdich is. Sa besjoen hat Durk van der Ploeg gelok hân dat der dizze kear gjin boek útsprong.

Sa net, it is dêrby fansels wol sa dat de advisearring oer takenning fan de Gysbert Japicx-priis in subjektive saak is. It hinget fan de smaak en de ideeën fan de advyskommisje ôf wa’t de priis krijt: in oare advyskommisje in oare Gysbert-winner, sa leit it gewoan. In oare advyskommisje soe faaks tusken de proazaboeken fan de ôfrûne fjouwer jier wol in bjusterbaarlik goed boek ûntdutsen ha en sa net in oeuvre útkeazen ha.

In skriuwer kin de priis nea krije om’t der nea in advyskommisje is dy’t op him of har falt of it leit sa dat de skriuwer op it momint dat der krekt wol in advyskommisje fan him of har sjarmearre is, hy of sy krekt dan gjin boek útbrocht hat of wol in boek, mar ûngelokkigernôch krekt dan gjin masterwurk. Guon skriuwers si lit altyd tsjinrinne.

Likegoed kin men jin de fraach stelle oft it takennen fan de priis oan Durk van der Ploeg terjochte is of slacht as in tange op in baarch?

Oer it takennen fan de priis oan Van der Ploeg wurdt al jierren, dat wol sizze alle kearen as de priis foar proaza ornearre is, drok spekulearre. Dat er him net earder krigen hat, hat sûnder mis te krijen mei de kwaliteit fan syn wurk Syn boeken ha winliken altyd moai sterke en nochal swakke kanten. Syn boeken ha it dêrom altyd ôflizze moatten tsjinoer boeken dy’t folle mear sûnder wryt of slyt wiene yn ’e eagen fan ’e op inoar folgjende advyskommisjes. Fansels hat dêrby ek de ambivalinte hâlding troch de jierren hinne fan de besprekkers fan syn wurk in rol spile.
Mar de advyskommisje fan dit jier is by einsluten by him útkommen. Dat rint lykop mei in oanwaaksend lêzerspublyk dat Van der Ploeg de ôfrûne tweintich jier opboud hat en it rint ek lykop mei it feit dat de kritiken op syn wurk geandewei positiver wurden binne. Sa besjoen wie it der oan ta dat er de priis no krigen hat. Al mei al hat it der tink mei te krijen dat der no in foslein oare literêre wyn waait, ien dêr’t ek it tradisjonele(re) fertelwurk wer mear wurdearring yn krijt, as doe’t Van der Ploeg as proazaïst úteinsette. By it takennen fan de Gysbert Japicx-priis oan Durk van der Ploeg past dit sizzen: tiden hawwe tiden.
Mar it sit gewoan ek sa: de swakke kanten ha in takenning lang opkeard, mar de krêft fan syn wurk, de kwaliteiten derfan, ha op it lange lêst dan dochs in advyskommisje oer de streek lutsen.

De Gysbert Japicx-priis is dizze kear fersein oan in oeuvre, meastentiids wurdt de priis oan ien boek fan in auteur takend. Is it in idee om de Gysbert Japicx-priis fuortoan te ornearjen foar in oeuvrepriis en foar it bêste boek yn in perioade fan fjouwer jier in nije priis yn it libben te roppen. Ik tink it wol, in hiel oeuvre en ien boek út in beskate perioade, binne te ferskillende grutheden. De oeuvrepriis soe dan net om de fjouwer jier mar faaks ien kear yn de seis jier takend wurde kinne.

Eardere ôfleveringen fan It Fryske literêre libben:

Nû. 1

Nû. 2

Nû. 3

Nû. 4