Ulke Brolsma

Phnom Penh reekfrij

logo.ensafh

Ut de top fan in hege slanke pagoade barste swarte reekwolken nei bûten, se bolderje sa de blauwe loft boppe it sintrum fan Phnom Penh yn. Krekt oankommen yn de keninklike haadstêd fan Kambodja en noch wat mei de fibraasjes yn it liif fan de jet lag sjoch ik nei it wûnder. In pagoade. En dan as fabrykspiip. Dogge se soks hjir op dizze wize? Ik bedoel it kamûflearjen fan in fabrykspiip troch der in pagoade om hinne te bouwen? Pakke se soks hjir sa oan? Wat in respekt foar de omjouwing. Yn in gebou neist de pagoade sit in kloft minsken noflik by elkoar. In soarte gearkomste sûnder sprekkers. Komt sympatyk op my oer.
Ja, je krije wat te ferwurkjen sa’n earste dei yn Phnom Penh. Earst mar ris in kuierke lâns de Mekong rivier. Myn hotel leit oan de wetterkant en dêr is in protte te dwaan. Oeral ferkeapers, de stream ferminkten dy’t de hân omheechhâlde, winkels mei yllegale dvd’s.Om ’e hoeke fan myn ‘River Star hotel’ is in winkel mei deakisten. En fierderop noch in pear. Der is ferlet fan, dat is dúdlik. Wol apart dy Kambodjaanske deakisten. Se binne sa grut, sa heech. En sa fleurich hielendal mei blommen beskildere. De dea is hjir gjin ferskrikking, liket it wol. Mar yn dit lân hat de Reade Khmer yn de jierren 1975-1979 hast twa miljoen minsken fermoarde. En dan dochs noch fleurich wêze by de dea? Moai dat it Boeddhisme de minsken sa’n wille jout. De kisten binne foaral heech en lang, mei in moai rûne boppekant. As ik sa nei dy foar it grutste part lytse Kambodjanen sjoch dan kinne der sa wol trije yn steapele wurde! De Kambodjaanske triokiste.
Ik stoarje sa oan de wetterkant – mei útsicht op pagoade en keninklik paleis – wat foar my út. Ik lit it allegearre wat yn my ombalje, besykje te begripen wêrom’t ik ek al wer nei Kambodja flein bin. Dan, ynienen, is de Mekong mei syn skipkes fuort út myn sicht en komt de pagoade, dy stikeme skoarstien, my wer yn gedachten. Hie ik dêrbûten ek net krekt sa’n kiste mei moaie beskildering sjoen? Jawis, yn in lytse hal stie ek sa’n dûbeldekker. Ynienen begriep ik it, alles kaam te plak en dat al op de earste dei. Lyk as by Hercule Poirot begûnen by my de grize seltsjes te wurkjen. En nim Sherlock Holmes: ‘Dedusearje myn bêste Watson en dan.’ Krekt dat ‘dan’. By Sherlock komme der nettsjinsteande de wat domme Watson altyd briljante fynsten. By my duorret it wat langer moat ik sizze, as it der al fan komt. Mar no, jawisse, ynienen wist ik it, dy pagoade, de piip fan in krematoarium. Next one stie al klear. En dy minsken dêr sa by elkoar? Fansels, de famylje. Fol fertriet seagen se hoe’t pake dêr boppeoan de pagoade alle kanten út fleach. Of miskien wie er drok dwaande mei syn yntree yn it nirvana. It koe ek oars komme. As de deade net hielendal by wie, ja dan koe er troch de reek hinne werom nei de ierde mar no as podde, kwal, stikelbaarch of noch wat oars. Miskien siet it selskip dat allegearre te betinken sa mei de eagen nei boppen rjochte. Hoe soene se it leafst wolle dat pake reynkarnearre? As kwal, as ingel?
Fjouwer moanne letter, myn lêste dei yn Kambodja, stie der in grouwélich ferhaal yn de Daily Phnom Penher. Der is nijs, jawis. Oer de rikjende pagoade. Der hat in ûndersyk west nei de effekten fan al dy reek. Wat docht bliken? De reek strykt troch de iepen finsters del yn de leslokalen fan de skoallen ringsom. Stel je dat ris foar, al dy leave lytse bern alle dagen wer mei snufkes jiske yn de teare noasters. Dat kin net.
En dan de merk sa tichteby. Al dy staltsjes mei griente, bargekoppen en oar fleisguod. Dêr komt ek alle dagen in waas deade Kambodjanen oer hinne. Sa wol it stedsbestjoer it net langer hawwe. Gjin fjoerwurk mear yn de pagoade. Gjin reek mear oer de stêd. De pagoade moat ticht. Doe’t ik de oare moarns mei de taksy, op wei nei it fleanfjild, lâns de pagoade kaam, kringele der reek omheech. Ik wist it, dit is de lêste kear. No is it oer. Phnom Penh is reekfrij.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *