
Wilhelmina wint
At wy fuort sille mei de kemper dan haw ik de soarch foar boeken ûnderweis. Ik rekkenje altyd ien boek deis, dik en tin trochinoar.
Wy soene trije wiken fuort, dus moast ik 21 boeken sammelje. In part bestiet út nije, krekt ferskynde boeken, in part ús ûnbekende skriuwers. Fierder moat it net allegear swier spul wêze. In Mc Bain of Slaughter moat der ek by.
Ik lês net alles wat mei is. At in boek my net de earsre siden befalt dan smyt ik it yn ’e kast. Anneke is dêr oars yn. Dy lêst troch.
It earste slachtoffer wie ‘Haar naam was Sarah’ fan Tatjana de Rosnay oer de Joadeferfolging yn Frankryk. Nei tweintich siden wie it dien. ‘Schindlers List styl’, neamt Anneke it. It is mei in goedkeap sauske dat de emoasjes los makket. Amerikanen kinne it net litte. Tatjana ek net.
In twadde dy’t my mar net yn ’e besnijing krige wie Halldór Laxness mei syn Aan de voet van de gletscher. It soe neffens de blurb in beaken yn ’e moderne literatuer wêze. Laxness soe in skitterjende oarspronklikheid hawwe en humor en gefoel. Nei tritich siden wiene myn mûlshoeken net ree in glimke te forsearen. Dus fuort!
Fansels moat ik hjir in kar dwaan. Dêrom noch wat oer de beide bêste boeken: Hans van der Heijde hat nei it prachtboek De Republyk in nije roman skreaun: Dagboek in blik. Hy giet nei hoe’t wy nei safolle jierren omgeane mei de joadeferfolging, benammen oer de ûndergong fan it getto yn Warschau. Soms wurdt hy synysk – at er de gong fan saken yn ’e oerbliuwsels fan ’e konsintraasjekampen fergeliket mei modern toerisme, in oare kear makket er in ûnferwachte grap. Hiel goed.
Mar it meast haw ik fan Cees Laseurs biografy fan keninginne Wilhelmina geniete. Doe’t Anneke it liende fan in freondinne tocht ik ‘dat is neat foar my, sokke skriuwerij oer it Keningshûs’. Laseur skriuwt prachtich. Anekdoates wit er foar hûnderd prosint te brûken. Hy is faak echt grappich en dat binne moaie skaaimerken om sa’n bisarre keninginne as Wilhelmina te beskriuwen. Ik haw wat ôflake mei dy 644 siden op tafel. Wilhelmina hie in nochal fiergeande opfetting fan har rol as steatshaad. Yn ûnderhannelingen mei steatslju hie se de reputaasje fan izeren dame. Neffens guon wie sy de ienichste man yn it regear.
Foar har foarkommen en klean hie se gjin each. Doe’t se yn Londen by in society fotografe de ried krige wat lippestift op te dwaan wiene de rapen gear. Har ministers tsjutte se oan mei ‘Het Stel’ en de Twadde Keamer wie yn har each it ‘Oude Mannen Huis’.
Har idee oer it funksjonearen fan de Steat wie slim autoritêr. Oan Juliana skreau se: ‘Hoe knulliger ’t stel, des te meer moet ik ”opperhoofd” zijn en leiding geven in Nederland’. Gelokkich foar ús is it allegear oars beteard, ûnder mear troch ‘it stel’ en dy âlde mannen.
Willem Winters
Lêze en de dea
As wy op fakânsje binne hawwe Willem en ik in tige goede taakferdieling: Willem soarget foar in soad boeken, diskusjes oer ik wyt net wat foar ûnderwerpen, frjemde oanmerkings en hy triuwt it winkelkarke.
Ik bin der foar it lêzen, it betinken fan wat wy ite sille, mar boppe-al foar it finen fan it goede paad en it feilich teplakbringen fan Willem. En fan mysels fansels.
Bytiden giet der wat mis. Ik hie al gau yn ’e rekken dat Willem wer goed foar my soarge hie: genôch boeken, genôch diskusjes, rare oanmerkings sadat ik de ‘slappe lach’ krige. En mei it triuwen fan it winkelkarke wie ek neat mis. Mar hy wie fergetten goed foar himsels te soargjen: hy hie te min boeken mei. Gelokkich belânen wy op in kempinkje fan ferdwaalde Nederlanners en koene wy in pear boeken ruilje. ‘Haar naam was Sarah’ waard ûnder oare slachtoffere. De frou fan ’e kemping tige bliid. Wy ek.
Op nei in oar plakje, myn ferantwurdlikens. Ik koe de help ynroppe fan Tante Betje, ús TomTom. No is Tantje Betje bytiden wat eigensinnich. Dan tinkt se dat se in koartere rûte fûn hat. Sa no en dan litte wy dat ta. Dizze kear tocht Betje dat wy wol dwers oer in steile berch hinne koenen. De dyk wie net breder as twa meter. De earste twa hierspjeldbochten hellen wy noch krekt. Yn ’e tredde gong it ferkeard. De bus bleau stekken wylst de steilens mear as 20 % wie. Foarút wie de berchwand en in djippe greppel, achter ús it grutte neat. Stadich koe ik de bus noch in meterke sakje litte, in soad gas en ja, wy rêden it op. Mar wol mei it swit yn ’e hannen. Ik wie poermâl en rôp tsjin Betje dat ik har fermoardzje soe as wy feilich telâne wienen.
Jûns wie ik in bytsje ôfkuolle en tocht dat ik it tredde part fan ’e Millennium Trilogie wol útlêze koe. Moai net. Hertkloppings, gjin each ticht dwaan wie it gefolch. Willem soarget goed foar my, ik jei him wilens bykâns de dea yn.
Anneke van Renssen