Anne Feddema

Mors Voluntaria

logo.ensafh

 

As de âlde Romeinen Sit ik steatlik yn bad… Mar! Net as Archimedes hear Alde Griken ha altyd gelyk Mei myn massa ferpleats ik Moanne, Sinne, Stjerren Gjin molekulen wetter Ik hoech der net in oar by Myn neakenens is fan my As in âlde Romein Iepenje ik myn ieren Reade Magelhaeske Wolkens waarm libben Beklaaie aaiwite himelhûd Ik wurd ien mei it hielal No sil de reis begjinne Mar wêr?…wêr binne? Moanne, Stjerren, Sinne? Mors Voluntaria De dea falt ek net ta.