Jelma Knol

Fyftjin jier freonskip

logo.ensafh

Fan ’t simmer wie ik op reis mei in boek: Helse liefde fan Frédéric Bastet, in biografysk essee oer de ferhâldingen tusken fjouwer bysûndere minsken, de skriuwsters George Sand (pseudonym fan Aurore Dupin), Marie d’Agoult, en de komponisten Chopin en Liszt. It brocht my nei de my ûnbekende kriten fan de Berry, in plattelânsgebiet yn Frankryk, krekt boppe de Haut-Limousin.
Flakby it rivierke Creuse sieten wy yn in nochal tsjustere gîte, ûnderdiel fan in pleats dy’t der nei alle gedachten yn George Sand har tiid al stie. Acht kilometer fierderop hie de skriuwster in twadde wentsje yn it doarp Gargilesse en noch fyftich kilometer fierder stie har lânhûs yn Nohant. It hiele gebiet azeme oantinkens oan it libben en de boeken fan George Sand. Tal fan rûtes wiene nei har neamd: Le pays de George Sand.
De natuer by de rivieren Creuse en Indre is bekoarlik. Noch noait haw ik safolle âlde beammen sjoen. Koarstmoassen bedekke dêr beamstammen en elektrisiteitstriedden, sa suver is de lucht. George Sand gyng mei har soan, de skilder Maurice, nei Gargilesse om flinters te fangen en te ynventarisearjen foar ien fan de earste oersjochwurken oer flinters yn it Frânsk. Se fongen sels in eksoat út Afrika, en joegen de twadde went syn namme: Villa d’Algira.
Yn it hûs seagen wy allegear oantinkens oan George Sand en har wurk en oan Chopin. Hy hat dêr noait west oars, de skriuwster kocht it hûs nei syn dea. Yn Nohant komme jo mear oantinkens oan Chopin tsjin, lykas syn piano. Njoggen simmers brocht er dêr troch, komponearjend en pianospyljend op it sûne plattelân, yn it selsskip fan de ivich smokende en nachts skriuwende George Sand. Sand wie in ferneamde skriuwster yn har tiid, mei bewûnderers as Balzac, Toergenjev en Flaubert. Har romans, mei in sosjale, feministyske of spirituele ynhâld wiene bestsellers. Marie skreau har literêre wurk ek ûnder in manlik pseudonym, Daniel Stern.
Helse liefde hyt lykas sein it boek fan Bastet. In suggestive, suver triviale titel, dy’t syn boek eins gjin rjocht docht. Syn stúdzje giet oer fjouwer minsken dy’t ea lang en yntym befreone wiene: Chopin en de skriuwster George Sand, Liszt en Marie d’Agoult. Chopin en Liszt wurken har in ûngelok, se komponearren it iene wurk nei it oare, harren optredens waarden legindarysk en mei har muzikale opfettings feroaren se de wrâld fan de klassike muzyk foargoed. Bastet jout in wiidweidich en fassinearjend byld fan it wurk en it deistich libben fan dizze fjouwer talintearre minsken.
Hoe’t it nei Chopin syn dea yn 1849 en de ein fan de ferhâlding tusken Franz Liszt en Marie d’Agoult fierder gyng mei Liszt seagen wy inkelde wiken lyn yn Weimar. Yn dat plak wenne er twa lange perioades achterinoar. Hy dirigearre dêr it wurk fan syn lettere skoansoan Richard Wagner en belibbe in lokkige tiid mei syn twadde grutte leafde Carolyne von Sayn-Wittgenstein. Syn twahûnderste bertedei wurdt dêr no fierd mei twa grutte útstallings. Alle bekende skilderijen, foto’s, hânskriften, muzyk en de wenstige parafernalia binne oanwêzich yn it Schillerhûs en de ûntjouwing fan de piano is te folgjen yn it Schlossmuseum. In glamorachtich portret fan de jonge Liszt, yn in moaie blauwe achtergrûn set, is yn de hiele stêd te sjen. Goethe en Schiller binne yn ien klap duf yn ferliking mei dizze moaie, romantyske, jonge held.
Chopin en Liszt, twa wrâldferneamde komponisten. Mar fersin ik my as ik sis dat Chopin syn muzyk, nettsjinsteande de geweldige útfierings dy’t rûnom op cd te keap binne, tsjintwurdich fral funksjonearret as oangename achtergrûnmuzyk? Franz Liszt is noch altiten in ûntdekkingsreis: fierwei it grutste part fan syn wurk wurdt eins nea útfierd en moat noch bekendheid krije. Underwilens krijt syn ynfloed op it ûnstean fan de moderne muzyk allegeduerigen mear klam. Oer de boeken fan George Sand en Marie d’Agoult hat hast gjinien it mear. Dat is de tragyk fan de literatuer…