Cornelis van der Wal

Brún Bloed (04)

logo.ensafh

Haadstik Fjouwer: Driigjend Deiboek

Herr dr. Rynsema bitte melden beim Haupteingang.’ En noch twa kear klonk itselde boadskip mei de ferkeard útsprutsen efternamme troch de lûdsprekkers. Sjoch ris oan, op it oantsjutte plak stie in spjochtich mantsje mei in boerd mei Sybe syn namme dêrop, dat er omheechhâlde en hinne en wer swaaide. Twa tige hoflike soldaten namen de swiere bagaazje fan him oer en hy waard mei in grutte swarte Mercedes nei it steatlike Balthushotel brocht. Yn syn romme, lúksueuze keamer oankommen joech er him del op it grutte twapersoans bêd en foel al rillegau yn in djippe sliep.

Fragmint út it deiboek fan Joseph Goebbels14-10-1941Ik gniis mar wat om dy skriuwers dy’t hjir oare moanne op besite komme sille. Foar it meastepart binne it ommers twadderangs literatoaren. Yn myn taspraak, dy’t ik juster tegearre mei Wilhelm taret haw, sil ik se ris de earen waskje. Wy moatte tegearre stride tsjin it bolsjewisme. It moat dúdlik wêze dat de nasjonale talen en dialekten op ‘en doer it plak romje moatte foar it Dútsk, mar dêr sil ik no noch mar net oer begjinne. Lit se mar wat yn ‘e waan. Benammen dy arrogante Frânsken soene ris in toantsje leger sjonge moatte. Sa’t dr. Heidegger al wist: wiere filosofy kin allinnich yn de Dútske taal beskreaun wurde. Dêrmei kin steld wurde dat ús taal ferheven is boppe oare talen. Sa besjoen is it ommers in seine foar elkenien dat ús taal op termyn de iennichste wurdt! Yn Europa alteast.

De oare deis waard al ier en betiid op ‘e doar fan de hotelkeamer bûnze. In oerke letter stapte Rinzema, it noch wat wiete hier efteroer kjimme en him wat ûnwennich yn syn stive, swarte pak bewegend, de grutte seal fan it Balthushotel yn. Hy waard hertlik begroete troch wat de reislieder wêze moast, it die bliken dat de measte oare skriuwers al yn Bonn wiene, dat se moasten eins daliks wer fierder reizgje, no mei de auto, deselde swarte Mercedes as earder.
Sybe siet achteryn, tegearre mei in lyts, donker mantsje, it wie, sa die bliken, de Frânske skriuwer Jouhandeau, De kommunikaasje ferrûn dreech, beiden wiene gjin talewûnders, alteast net yn frjemde talen. Rinzema fûn oars dat de Frânsman him mar wat nuver oanseach. Baarnende, hast longerige eagen gliden oer syn hiele lichem. It soe dochs gjin homoseksueel wêze? Yn syn studintetiid hiene ek in pear fan sokken omrûn, en op in nacht…

De auto stoppe frijwat hookstrooks op it haventerrein fan Bonn, dêr stapte it selskip oer op de Prinz von Homburg, in enoarm grutte boat, mei alle lúkse dy’t jo mar betinke koene. Der stie in Rheinfahrt op it programma, wa’t woe koe him earst in pear oerkes yn syn hut deljaan.

Rinzema hie in grutte beker kofje en in Apfelkuchen meinaam nei syn tige smûk fertrek, en besocht oan in houten taffeltsje wat te wurkjen oan in nij, heroysk sonnet. Dat slagge wûnderbaarlik goed, yn trije kertier wie it fers klear. Yn ien kear goed.

Hearde er it goed? Jawis, der waard oan de doar kloppe. Personiel tink. ‘Herein’ rôp er mei syn yndrukwekkende bas. De doar gie kreakjend iepen.

Klik hjir foar Haadstik Ien
Klik hjir foar Haadstik Twa
Klik hir foar Haadstik Trije