
‘Wat in aparte namme foar in auto!’
‘Hmm… ik fyn it wol in tapaslike namme, in Frysk ferlytsingswurd foar grutte broer, de SUV (Sports Utility Vehicle). Us projektlieder is Ljouwerter fan berte, hy hat de namme betocht.’
‘Ah… wêr stiet dy namme krekt foar dan?’
‘Wolno… yn gearwurking mei in bekend Frysk automerk hat ús bedriuw: ‘Frisians Engineering Rattekrûddjoere Systems (FERS), it Suffertsje ûntwikkele, bedoeld as in lytse hybride SUV… sis mar as andert op ’e krisis yn ’e auto-yndustry en twads om de útstjit fan koalstofdiokside tsjin te gean. Se stjit mar 1,05 gram de kilometer út. In revolúsjonêre auto foar op ’e Fryske diken, mar ek in auto dy’t foar ferskate befolkingsgroepen tagonklik is, in gesinsauto dy’t tagelyk útboud wurde kin as fette bak foar hiphoppers en topfuotballers.’
‘Is it bygelyks gjin auto foar in frijgeselle man mei in modaal ynkommen, dy’t hurd eefkes op sneontemiddei in sekje jirpels ha moat út ’e pleatslike supermerk?’
‘Och heden jawol… fansels… de gewoane man mei in modaal ynkommen… dêr kin ik ynkomme… lykas dat der ek hiel gewoane rike lju binne, of gewoane húshâldings dy’t in priis yn ’e steatslotterij winne, lykas der ek gewoane hiphoppers en gewoane topfuotballers binne!’
‘Dus it Suffertsje hat neat mei opskepperij te krijen?’
‘No nee, de auto hat earder in útstrieling fan in Deux Cheveaux sis mar!’
‘En de priis?’
‘Dy is noch it meast nijsgjirrich… mar fyftichtûzen euro.’
‘Wurde der al Suffertsjes ferkocht?’
‘Foarearst oant 2010 allinnich yn Fryslân, it earste Fryske model stie yn April al op ’e AutoRAI 2009, útfierd mei in coating fan pompeblêden.’
‘En wat kinne jo sizze, bûten de gaadlike priis… oer wat it eigenlike geheim fan dizze Fryske fynst is?’
‘No ja alderearst fansels de krêftboarne fan ’e auto, in lithium-ion pakket batterijen yn kombinaasje mei in elektromotor en in benzinemotor. Nei sechtich kilometer binne de batterijen op en dan kin de benzinemotor ynskeakele wurde. De benzinemotor kin dan ek wer brûkt wurde as oplader. It Suffertsje is in pittich dinkje, hy skeakelet yn njoggen sekonden fan 0 nei 100 kilometer. De topsnelheid sil in 160 kilometer de oere wêze. Hy kin troch syn hybride karakter in 500 kilometer op in folle tank helje.’
‘Sjoch ris oan… 500 kilometer… sa sunich hast as de Fryske folksaard sis mar… mar hoe sit it mei de romte, bliuwt der ek noch wat fan it karakter fan in SUV oer, of moat ik wat dat ûnderdiel oanbelanget tinke oan de grutte fan in stedsSUV lykas de Suzuki SX4, de Daihatsu Terios of de Lada Niva?’
‘It Suffertsje eaget sels noch krapper! Wêr’t wy dan benammen ek tige grutsk op binne, binne de romten ûnder de sitplakken efter, dy binne grut genôch foar twa bern ûnder de tsien jier, salang se noch net yn ’e puberteit binne teminsten!’
‘Hea, giet soks net wat te fier, is soks gjin bernemishanneling?’
‘Och nee hear, net as jo bern mei soarch opteare. Us pake en beppe hienen yn ’e oarloch fiif ûnderdûkerkes yn in linnenkast, jierrenlang!’
‘O sa ja… Hmm… ik sjoch no dat dizze auto net útfierd is mei in airbag, is dat sa?
‘Ja kloppet, dat is om romte út te sparjen!’
‘Foar?’
‘Foar in tredde bern.’
‘Sjeesusmineeskes!’