Eric Hoekstra

Kosmyske lustposysjes yn in nút

logo.ensafh

Yn stilte mûlkje lippen poëzy
wylst oaren beulsbretaal mobyls beraze.
Ik tonkjefrij mei jim, leave lidden,
en fier mei jim de lustposysjes út.

Midden ûnder it bidden kriget de call-centre operateur
in fisioen fan ’e spuitsjende god, jokk’t ’m de holle-nút.

Frees net, dimmene fammen, foar de opperteur fan fantasy,
hy rimet al syn langstme del yn selsbefre’igjende poëzy.

De p en de d steane foar soixante-neuf,
by de glêde j besljurket er in juf.
Op ’e f’en leart er fellaasjo,
by de O taast er yn jo skerte-i-o,
jo, i-a, jo, op-en-dellet syn ezelsnút
âlet jo-ho alle langstme derút:
net nei te kommen ûnsisbere discursio.

Kom wurdleaze trollen, wurdlidden en oare
tsjinners fan Pandora’s bliere doas,
benut de lege romte en wês
dûnsjende figueren op glêd iis,
wurd wei yn it labyrinth fan ’e holle nút:
wy sjogge út op wer in sublimearre dei.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *