Syds Wiersma

Deadesankje

logo.ensafh

 

der komt in dei dan brek ik út dit liif, dan fal ik net werom as in gleone kat yn ’e nacht mar hâld ta by de âlde timpel fan de siel wyt myn leave hûd gjin noed myn faam ik bin net wei ik bliuw dy kommende benei de dea is mar in daam in saak fan even oer de hikke hingje en it lân oer dikerje