
Doe’t ik juster in cd mei motetten fan Claudio Monteverdi opsette klonken de stimmen en de muzykynstruminten skerp, keal, leech, net oangenaam, net rêstich. Der is neat dat sa goed foar my is as de muzyk fan Monteverdi. Mar juster snijde it my troch de holle.
De titel fan de cd is Un concert spirituel mei as ûndertitel Concerto Vocale.
Ik ha de cd krekt beharke om te hearren hoe’t it hjoed klinke soe en no wie it goed, de stimmen klonken oangenaam, rêstjaand, sêft, fol.
De cd is útkommen yn ’e rige Musique d’abord fan it label Harmonia Mundi.
Foar op ’e hoes fan ’e cd stiet ek noch de namme fan ’e dirigint: René Jacobs.
Wat wie der juster mei my? En al dy oare dagen dat ik Monverdi net oanhearre kin.
Op ’e yllustraasje op ’e hoes stean twa ingels, de iene spilet op ’e fioele de oare op ’e teorbe.
Wat is der hjoed mei my? En al dy oare dagen dat Monteverdi my ta bedarjen bringt.
Twa sopranen, in kountertenoar, twa fioelen, in oargel, in klavesimbel, in teorbe, in fioelsello, en noch in sopraan.
Wat is dat dan?
Duo seraphim.
De iene dei seit de oare net en dat op hieltyd ekstremere wize.
O quam pulchra.
Ik merk dat ik geandewei labiler wurdt.
O beatae viae.
It libben is in hel. Ik ferkear oan ’e râne fan ’e mankelikens. Yn djipsten bin ik depressyf.
Salve, o Regina.
Alles wat ik doch is in keunstgreep om dy stimming te ûnderdrukken.
Confitebor tibi, Domine.
Soms helpt neat, sa as juster.
Pulchra es, amica mea.
Hjoed binne de motetten fan Monteverdi by steat om my der troch te skuorren.
Fugge, anima mea.
De muzyk hat yn myn holle in útwurking dy’t ferlykber is mei watst fielst ast mei dyn fingers in pjisk oanrekkest.
Ego flos campi.
Ik ferjit op ’n stuit dat ik harkje, sa as ik as ik de tiid nim my net mear bewust bin dat ik stean te dûsen. Ik bin dan út ’e tiid.
Nigra sum.
Troch de muzyk ûntstiet yn myn holle in yntime romte.
Laudate Dominum.
Ik sjoch yn alle rêst ta it rút út.
Jubilet.
Balâns. Monteverdi. Motetten. Beide wurden hawwe in sêft en in sketterjend diel. De muzyk is tagelyk helder en sidesêft. Kleare frouljusstimmen, donker basso continuo.
Hjoed pas ik derby en is dy muzyk foar my woldiedich.