Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering stiet nei ‘Fryske Buddy’ yn de foarige ensafh op ’en nij in gedicht fan Eric Hoekstra, dizze kear fol mei (taalkundige) kaprioalen: ‘De p en de d steane foar soixante-neuf.’ It hyt net foar neat ‘Kosmyske lustposysjes yn in nút.’

De jonge dichter Geart Tigchelaar is ek fan de partij. Hy draait en befingeret in klútsje klaai.

Fan Willem Winters is der de twadde ôflevering fan ‘Swarte Waaksens’, in konfrontaasje tusken byld en tekst.
Jouke Hylkema ferkeart as skriuwer fan ferhalen yn ensafh gewoanwei yn it hjir en no, yn syn bydrage yn dit nûmer giet er net foar neat werom nei 1995. Op syn bysûndere wize hâldt er ús wat foar.

Skermer syn kollum is de frucht fan in dei dat er wer mei wolgefallen harkje koe nei de motetten fan Monteverdi. Hy skriuwt: ‘De muzyk hat yn myn holle in útwurking dy’t ferlykber is mei watst fielst as mei dyn fingers in pjisk oanrekkest.’

Imke Hooijenga besprekt de roman Minskebern fan Margryt Poortstra. It ûnderwerp fan ’e roman is demintsy. Hooijenga skriuwt: ‘Dochs hat de skriuwster noch wat sizze wollen. Sy besiket in link te lizzen tusken begjin en ein fan it libben; sa as wy berne wurde geane wy ek wer dea.’

Yn de rubryk Oersetting/Translation draacht Piter Boersma in oersetting by fan it gedicht ‘This is Just to Say’ fan de Amerikaanske dichter William Carlos Williams (1883-1963).

Hint foar de deputearre en har amtners
Op it provinsjehûs wurdt wurke oan it opstellen fan in nij beliedsstik foar de Fryske literatuer. Wy ha in hint: set (ek) yn op profesjonalisearring fan de redaksje fan ensafh. It tydskrift is goed úteinset, gjin sinekuere sjoen it feit dat de redaksje sawol om ’e fjirtjin dagen in ynternetôflevering útbringt as 6 kear yn it jier in ensafh yn druk. No noch in goeie fuortsetting op termyn, mar de tiid is der net mear nei om dat sûnder in betelle redakteur foarinoar te krijen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *