
foarmjend draait it klútsje
dyn weakens lit ’m knipe
krijst de namme
sa’t ik dy hjit
ûnder myn hannen krijst stal
al draaiend befingerjend
klútsje klaai nei myn byld
mei de goede oanpak en dosearring
rûnens en kontoeren sichtber
hjittens fan ûne feriviget dy
kuollest myn tins ta wierens